Stichting 'Doch dyn dream' út Mantgum lit skoalle bouwe yn Kenia

Wytske en Skelte iepenje it nije skoalgebou fan Doch dyn dream © eigen foto
Yn it earmste part fan Kenia, yn West-Kenia, fier fan de toeristyske hotspots, stiet in skoalle mei de namme 'Doch dyn dream'. It is in skoalle dy't boud is mei de help fan Skelte Anema en Wytske Vermeulen út Mantgum.
De earmste bern, faak weesbern, krije dêr les fan frijwillige leararen en dat net allinnich: se krije der ek iten. Dat lêste is wichtich en it is ek faak de prikkel foar de bern om nei skoalle ta te gean. As dat iten der net is, gean de bern oan it wurk om wat jild te fertsjinjen sadat se iten keapje kinne.

Dreamen wiermeitsje

Wytske Vermeulen ferfollet yn 2012 har dream: se makket in wrâldreis. Sa komt se ek yn Matunda (West-Kenia) telâne. As se wer thús is, beslút se in stichting op te rjochtsjen om sa de minsken dêr te helpen.
Buro de Vries hat dizze tiid omtinken foar 'de helpers fan 2022'. Trije ferhalen yn trije dagen oer minsken dy't har frijwillich en belangeleas ynsette foar oare minsken en sa de wrâld in bytsje moaier meitsje komme oan it wurd yn trije lange reportaazjes.
Lês hjir diel 1 en diel 2.
It wurdt 'Doch dyn dream'. "Ik hie sels myn dream wiermakke en mei dizze stichting hoopje ik dat ek de bern dêr harren dreamen wiermeitsje kinne", leit Wytske út.
Skoalbern op it skoalterrein © eigen foto
It moaie is dat it sa lytsskalich is dat wy hiel konkreet sjogge wat der mei it jild dien wurdt.
Wytske Vermeulen
Troch aksjes te hâlden, sammelje Wytske en har partner Skelte jild yn. Se keapje dêr in stik grûn foar en bouwe in skoalle. Dat bouwen dogge se net sels: "Wy stjoere it jild op en in dei letter ha wy al berjocht dat der bakstiennen kocht binne, of hout of wat ek mar. It moaie is dat it sa lytsskalich is dat wy hiel konkreet sjogge wat der mei it jild dien wurdt."

Pompeblêdshirts

Yn 2016 wurde de earste twa skoalgebouwen troch Skelte en Wytske sels iepene. De Keniaanske bern huppelje fleurich yn shirts mei pompeblêden om harren hinne en sjonge harren ta: "We welcome you, we welcome you".
In 'Fryske' skoalle yn Kenia
Hjirnei wurde der - mei help fan freonen út Fryslân - noch twa gebouwen delset. Der komt in keuken en in sanitêrgebou by. De skoalle is dan wol klear en yn de maitiid fan 2022 giet Skelte opnij nei Matunda ta om te sjen hoe't it derfoar stiet en om te bepalen wat se fierder noch dwaan kinne.
Ik ha nei de merk west en iten kocht en doe kamen de bern wol.
Skelte Anema
Der wiene ynienen folle minder bern op skoalle as oars. "Der wie net genôch iten en dan bliuwe in soad bern thús om oan it wurk te gean. Dus ik ha gau nei de merk west en iten kocht. Doe kamen de bern wol."

Sels foar iten soargje

Dizze ûnderfining leart Skelte en Wytske dat it soargjen foar iten wichtiger is as al it oare en it folgjende projekt tsjinnet him oan: "It is it moaiste dat se sels foar dat iten soargje kinne."
"Dêrom ha wy no op it terrein fan de skoalle in kas boud mei in yrrigaasjesysteem mei in wettertank en in wetterpomp op sinne-enerzjy, sadat se sels griente ferbouwe kinne."
Johannes Arendz út Mantgum oan it bouwen fan de skoalle © eigen foto
As harren frege wurdt nei it úteinlike doel fan stichting 'Doch dyn dream', antwurdet Wytske hiel beret "dat de stichting oerstallich wurdt en dat se har folslein sels rêde kinne."
"Ik soe it moai fine as wy nei Matunda ta gean om ús famylje dêr - want sa fielt it - op te sykjen en in moaie tiid mei harren te hawwen. Dat is foar har gefoel fan eigenwearde fansels folle better as no. It fielt foar harren no dochs dat se de hân ophâlde."
Harkje hjir nei de reportaazje oer "Doch dyn dream"
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.