Fermiste man (56) nei goed twa dagen yn goede sûnens fûn

© ANP Foto
De 56-jierrige man fan It Hearrenfean dy't sûnt de nacht fan sneon op snein fermist wie, is yn goede sûnens oantroffen. Dat meldt de plysje.
De man waard op earste krystdei om 02.00 oere foar it lêst sjoen op it Ruterskertier yn Ljouwert.
It is net bekend wêr't de man fûn is. Ek oer de fierdere omstannichheden fan de fermissing docht de plysje gjin útspraken.