Algemene Waterpartij docht mei oan Provinsjale Steateferkiezingen, Frans de Graaf listlûker

It provinsjehûs © Omrop Fryslan
De AWP, de Algemene Waterpartij, docht mei oan de kommende Provinsjale Steate- en de Wetterskipsferkiezingen. Listlûker foar de Steateferkiezingen is Frans de Graaf fan Nijhoarne.
De partij bestiet sûnt 2007. Earst ûnder de namme Algemene Waterschapspartij. "We zien dat de waterschappen de provincies nodig hebben om bijvoorbeeld de klimaatmaatregelen te nemen en dus hebben we besloten om vanaf dit jaar mee te doen als Algemene Waterpartij", seit De Graaf.
De AWP rjochtet him op de tema's wetter, klimaat en natuer. De partij profilearret him net as links of rjochts."We zijn pragmatisch. We willen vanuit de theorie kijken naar oplossingen voor problemen die er zijn."
Mei de AWP derby dogge der 16 partijen mei oan de Provinsjale Steateferkiezingen.