Famylje De Vries ferlit nei 143 jier de bakkerij yn Aldegea, opfolger stiet klear

Famylje De Vries yn har bakkerij yn Aldegea
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De famylje De Vries ferlit nei 143 jier de bakkerij yn Aldegea (Smellingerlân). Eigeners Kees en Wikje sille mei pensjoen. Om de bakkerij te behâlden is de famylje 12 jier lyn al begûn mei it sykjen fan in opfolger en dat is slagge.
"Tink derom hear, want it daai fljocht dy om 'e holle", seit Kees de Vries. Efteryn de bakkerij is er dwaande om farske bôle te meitsjen. Bûten is it tsjuster en der knipperet in boerd mei de namme 'De Vries' oan de gevel fan de bakkerij.
"Wy begjinne nachts om in oere as fjouwer mei it meitsjen fan de bôle", seit De Vries, wylst hy in stik daai yn in spiraalknetmasine smyt. "It is fansels nachtwurk, want it moat sa farsk mooglik wêze foar de dei. Dat ha wie 43 jier lang sa dien, mar no komt de tiid dat it foar ús ophâldt."
Bakkerij yn Aldegea krijt nije eigener
It bakkersfak is Kees mei de brijleppel ynjûn. As jonkje fan tsien stie hy by syn heit yn de winkel om te helpen mei de ferkeap en it meitsjen fan de bôle. De skiednis fan de bakkerij giet noch generaasjes fierder. De earste De Vries begûn yn 1889 de bakkerij. "It is eins myn hiele libben dat ik hjir oan it wurk west ha."
Yntusken rint er nei in snijmasine en leit der in pear bôlen yn. "As je der sa oer prate liket dat in hiel soad, mar ik ha it mei in soad wille dien. Fan in natuerprodukt wat moais meitsje en it kontakt mei de klanten, alles kaam werom. Ik sil it misse", seit De Vries, wylst hy de lêste bôle yn in pûde docht.
Ik fyn it in geweldich moai fak en ha eins altyd al in eigen bakkerij hawwe wollen.
Stephan Lange nimt bakkerij De Vries yn Aldegea oer
De bakkerij bliuwt lykwols bestean foar it doarp. Kees en Wikje pleatsen 12 jier lyn in advertinsje yn de krante om in opfolger te finen. Dat waard Stephan Lange, dy't by in oare bakkerij wurke. "Ik fyn it in geweldich moai fak en ha eins altyd al in eigen bakkerij hawwe wollen", seit Lange.
"Ik bin sa bliid dat it no safier dan ek is. Ik seach de advertinsje en ha der eins gjin sekonde oer twivele. Ik ha al dy jierren meiwurke en bin der sa wat yngroeid. Begjin dit jier binne wy mei de oername begûn en yn jannewaris is it safier."
Lange syn entûsjasme is grut. Dat wylst der just in soad bakkerijen slute, om't it net rendabel mear is. "It is ek wol in bysûndere tiid mei corona en dêrnei de hege gasprizen, mar ik fyn dat no krekt it moaie fan ûndernimmen. De útdaging bliuwt der en wy moatte sjen hoe't it komt yn de takomst, mar ik gean der fol foar. Ik ha der al betrouwen yn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.