Ferlet fan hûne-útlitplak yn Boalsert: "Wij vinden het een basisvoorziening"

Hûnen yn Boalsert © Omrop Fryslân
Der moat in losringebiet foar hûnen komme yn Boalsert. Dêr sette trije inisjatyfnimmers harren no foar yn. Mei stipe fan mear hûne-eigeners hoopje se dat de gemeente Súdwest-Fryslân dit sa gau as mooglik realisearje kin.
Op dit stuit hawwe se 12 potinsjele lokaasjes fûn, mar dit wolle se werombringe nei in top trije. Dêrom giet der in enkête rûn. Op dit stuit is dy hast 300 kear ynfolle troch hûnebesitters út Boalsert en omkriten.
Boalserters wolle in hûne-útlitplak
It ideale gebiet is binnen de stêdsgrinzen en ôfsletten, sadat de hûnen net útnaaie kinne. Dat is nedich fanwege it jachtynstinkt fan guon hûnen.
Inisjatyfnimster Sylvia hat sels twa podenco's, Spaanske jachthûnen. Sadree't sy in hazze of in ein sjogge, komme se yn in jachtmodus en dan kin se roppe wat se wol, mar dat komt net mear by de hûnen binnen. Dêrom wol sy hiel graach in gebiet dat ôffrede is mei in stek. Wol in goed stek, want út stilstân kin de hûn 1,80 meter heech springe.
Op sportpark Het Bolwerk is in stikje natuer dat hiel geskikt is en ek al heech yn 'e peilingen stiet. Dêr hoecht eins net mear in soad oan feroare te wurden, allinnich noch in stek. Dan hawwe de hûnen en baaskes in prachtplak, neffens inisjatyfnimmer Martin Fierant. "Wij vinden dat zo'n hondenlosloopgebied een basisvoorziening is, net zoals de speeltuintjes en de voetbalveldjes, dus wij hopen de gemeente er warm voor te krijgen."