Omwenners wynpark Nij Hiddum-Houw tsjinje klachten yn fanwege bromtoanen

Dirk en Nynke lêze de krante © Omrop Fryslân
In brom, in lege toan. Dat is wat omwenners fan it nije wynmûnepark Nij Hiddum-Houw hearre. Yn it park steane njoggen hege wynmûnen en dy meitsje neffens de omwenners mear lûd as de minder hege wynmûnen dy't se ferfange.
Trije omwenners ha dêrom in klacht yntsjinne. Ien klacht komt fan Dirk Lautenbach en syn frou Nynke Jaarsma. Sy wenje al 17 jier oan de Terpwei en ha in soad lêst fan it lûd. Se hearre it benammen yn 'e hûs. "As it stil is en sitst hjir mei de krante, dan hearst it. Of ast nachts wekker wurdst", fertelt Lautenbach.

Lege E

Hy ferliket de bromtoan mei in lege E, in muzyknoat. It lûd is der konstant, seit Jaarsma. Sy soe bliid wêze as it sa no en dan efkes fuort is. "Dat je even ta rêst komme kinne, want it is wol ûnrêstich oan 'e holle."
Se hawwe wol de hoop dat it oplost wurde kin, om't it yn Rotterdam ek al in kear foarkaam is. "Dêr is it oplost, dat ha ik wolris lezen. En yn Grins binne se der ek mei dwaande. Miskien dat it mei mannemacht oplost wurde kin. Dat hoopje we fansels."
Sies van den Berg yn syn tún © Omrop Fryslân
Sies van den Berg wennet yn Surch. Ek dêr hat hy de bromtoan heard. It is foar Van den Berg net slim genôch om in klacht yn te tsjinjen. Hy wachtet leaver de simmer ôf, want hy heart it lûd net yn 'e hûs.
"Mar simmerdei binne we bûten en dan wolle we ek graach bûten sitten bliuwe, mar je wolle net eltse kear de wjukken foar de mûne del gean hearre."
Van den Berg hat syn hiele libben lang yn it hûs wenne en spaant ek graach yn hûs om. Hy is wend om de A7 te hearren, mar hy tinkt dat it lûd fan de mûne nea gewoan wurde sil. "Dat went net. Dat leau ik net. As je dêr dan sitte, hearre je it automatysk ek. Krekt oft lûkt it lûd nei je ta."

Wat is in bromtoan?

In bromtoan, of ek wol leechfrekwint lûd, is lûd datst hast net hearst om't it in frekwinsje hat ûnder de 100 Hertz. Gewoane lûden lizze tusken 125 en 8.000 Hertz. It leechfrekwinte lûd kin tige aaklik foar minsken wêze en wurdt omskreaun as in konstant, dreunend lûd. It is krekt oft draait der in frachtwein stasjonêr, of stiet der earne in aggregaat oan.
It lûd kin troch bygelyks de wyn komme, mar ek troch pompen, motoaren of aggregaten. Dochs is de boarne fan it lûd faak dreech te finen, om't dizze frekwinsje fan lûd net hindere wurdt troch bygelyks in muorre fan in hûs of isolaasje. Dêrom kin de boarne samar tsien kilometer fierderop wêze.
Dirk Stoffels en Leny Nota © Omrop Fryslân
Leny Nota leit hast alle nachten in pear kear wekker troch it gebrom fan de mûnen. "Ik kan er niet van slapen of ik word er steeds wakker van. Dan moet ik me echt concentreren: slapen, slapen, slapen en dan lukt het weleens", sa fertelt se.
Neist har leit har man, dy't lêst hat fan Tinnitus (earsûzjen). Hy hat er nachts net safolle lêst fan, mar heart it wol as it hiel slim is. It fariearret nammentlik wol. Dirk Stoffels besiket dat dan ek by te hâlden, sadat se it brûke kinne by it ûndersyk nei de oarsaak. Hy begrypt dat it enerzjypark nedich is en hy is ek net tsjin it park, mar wol wol dat syn frou wer normaal sliepe kin.
Robert Portier fan Vattenfall © Omrop Fryslân
Yn totaal binne der no trije klachten bekend by eigener Vattenfall. Ien út Koarnwert en twa út Wûns fan Lautenbach en Jaarsma en harren buorlju Stoffels en Nota. Robert Portier fan Vattenfall hat gjin ûnderfining mei de saneamde bromtoan. "Nee, dat hebben wij nog niet gehoord. In dit geval denken wij dat de turbines voldoen aan de normen."
Mar de klachten lizze der en dy nimme se wol serieus. "We gaan onderzoeken waar het geluid vandaankomt. Als het inderdaad uit onze turbines komt, gaan wij daar uiteraard wat aan doen."

Underysk nei it tal dB's

It ûndersyk sil dan begjinne mei it tal dB's (desibels) dat it wynpark makket. Oer it hiele jier mjitten mei it 47 dB wêze, dan bliuwt it binnen de noarmen. Mar dat is no krekt it punt fan Lautenbach en Jaarsma: foar leechfrekwint lûd bestiet gjin wet- of regeljouwing.
Portier fan Vattenfall kin yn elts gefal Van den Berg út Surch gerêststelle, want hy ferwachtet dat de minste lûdsoerlêst yn de simmer is. Dan waait it minder hurd en draaie de wjukken dus ek stadiger.
Omwenners wynpark Nij Hiddum-Houw tsjinje klachten yn fanwege bromtoanen