FIDEO: In oerskot oan katsjes soarget foar grôtfolle opfangen

Xoë en mem Lulu by de opfang yn Lúnbert © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Katte-opfangen hawwe it smoardrok. Gewoanwei komme de katsjes benammen yn de simmer, mar dit jier giet it hieltyd mar troch.
Yn katte-opfang 't Heerveld by Lúnbert binne dit jier al 120 katsjes opfongen út mear as 52 nestkes. Ek by Stichting Kat in Nood yn Drachtserkompenije sitte de kuorkes fol.
Beide lokaasjes wurkje in soad mei gastgesinnen, dêr't katsjes telâne kinne. Foar dy gastgesinnen giet it ek konstant troch. Benammen de coronatiid en de oprinnende prizen soargje foar problemen.
De oanrin yn de katte-opfangen is dit jier behoarlik heech