Rûzje rint út op stekpartij op It Hearrenfean, ien persoan ferwûne

De helptsjinsten kamen nei it plak fan de stekpartij © Noordernieuws
Der hat tiisdeitejûn in stekpartij west oan de Kolklaan op It Hearrenfean. It gie om in konflikt tusken in man fan 31 en in man fan 39 jier, dy't úteinlik op in stekpartij útrûn. Beide manlju wenje op It Hearrenfean.
De 31-jierrige man is by it konflikt ferwûne rekke en moast mei in ambulânse nei it sikehûs. Plysjeminsken hawwe beide rûzjemakkers oanholden. De plysje docht ûndersyk nei de rol en it oandiel fan beide persoanen by it ynsidint.