Ljouwert skoart min op hjittestress, gemeente wol stêd folle griener meitsje

Beammen op it Aldehoustertsjerkhôf © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De gemeente Ljouwert wol de stêd kommende jierren folle griener meitsje yn de striid tsjin ekstremer waar en hegere temperatueren. Kommende tiid sil de gemeente in spesjaal fergrieningsplan meitsje.
Op it stuit is de hjitte fier te sykjen, mar yn de simmer kin it flink hyt wurde. Troch klimaatferoarings sille we yn de takomst hieltyd faker konfrontearre wurde mei hege temperatueren.
Undersykssjoernalist Jelmer Visser hat de ôfrûne tiid ûndersyk dien nei de hjittebestindichheid fan 30 stêden yn ús lân. Amsterdam en Maastricht binne de koelste plakken fan ús lân. Dat komt troch de grêften en de rivier De Maas.
Ljouwert moat griener wurde, fynt gemeente
"Wat je ziet, is dat een grote brede rivier, grachtengordels, waterpartijen, grote bomen en veel groen bij elkaar voor verkoeling zorgen", seit Visser. "Ook gebouwen die ademruimte hebben, zorgen daarvoor. Je kunt ook met bouwmaterialen en de manier van bouwen de omgeving verkoelen."
Er zijn wel grachten in Leeuwarden, maar die zijn te smal om voor veel verkoeling te kunnen zorgen.
Jelmer Visser, ûndersykssjoernalist
Enschede en Grins komme it minst goed út syn ûndersyk, dat er dien hat troch it analysearjen fan satellytbylden. Ek Ljouwert skoart net al te bêst op hjittestress, om't der yn it sintrum net in soad grien is. "Alleen aan de rand bij de Prinsentuin. Er zijn wel grachten in Leeuwarden, maar die zijn te smal om voor veel verkoeling te kunnen zorgen."
It hytste plak fan Ljouwert is iroanysk genôch it dak fan de Elfstedenhal. De iishal dus. "Op een warme zomerdag werd het dak zo'n 53 graden. Grote donkere platte daken warmen snel op en het straalt ook door naar de omgeving." Ek de grûn fan de parkearplakken by de iishal en it WTC Expo wie boppe de 50 graden.
Hjittestress yn Ljouwert © Jelmer Visser
Wêr't je dan wêze moatte op in hite dei yn Ljouwert? "De wijk Zuiderburen is met de vele ruimte, groen en water de meest verkoelende plek van de stad. Hier werd de grond zo'n 36 à 38 graden, terwijl het gemiddelde in de stad op 42 à 43 graden lag."
Wat Visser ek opfalt, is dat de âldere wiken om it sintrum fan Ljouwert hinne ek hiel hyt wurde, lykas it nijere diel fan Huzum-doarp.
Fan it simmer wie der it grut kuierjend Bosk yn it sintrum fan Ljouwert dat bestie út mear as tûzen beammen. Visser hat dêr ek nei sjoen en seach dat Bosk guon plakken dochs wol in pear graden koeler makke. "Dat was het beste te zien op het Oldehoofsterkerkhof en het Gouveneursplein."
Beammen op it Saailân © Leo Middelsé, Ilona de Vries
Dat is ek de gemeente Ljouwert opfallen, dy't dat ûndersykje litten hat. De gemeente wol de kommende jierren dêrom ek wurk meitsje fan in grienere stêd. It is in belangryk ûnderdiel fan it koälysje-akkoart.
Kommende tiid wurdt der in saneamde fergrieningsstrategy opsteld. "Dêryn meitsje we konkreet hoe't we fergriene en wêr", fertelt wethâlder Evert Stellingwerf fan de gemeente Ljouwert.

Gjin ienfâldige put

It Waagplein is it earste plak dat griener makke wurde sil en dêrnei folgje noch mear plakken. Maklik is it lykwols net, der lizze grutte útdagings. "Troch romtegebrek boppe, mar ek ûnder de grûn troch kabels, liedingen en heech grûnwetter." In beam hat in soad romte nedich.
Neffens Stellingwerf wurdt it om mear redenen hieltyd belangriker om de stêd griener te meitsjen. "Foar it bioferskaat en sûnens, mar ek foar de wearde fan in wenning. No fine we in enerzjylabel hiel belangryk, mar aanst sil ek meispylje oft der grien yn de omjouwing is."