Anne Harmsma hat syn paradys fûn yn Suriname: "It is hjir prachtich moai"

Anne Harmsma wennet yn Paramaribo © Anne Harmsma
Anne Harmsma (71) is hikke en tein yn Aldeboarn, mar hat syn paradys fûn yn Suriname. De advokaat wennet mei syn frou Ilse al 43 jier yn de haadstêd Paramaribo en wol der ek net wer wei.
It wennet der prachtich moai, seit Harmsma. "It is in typysk tropelân, alle dagen in konstante temperatuer fan om de 32 graden hinne. Wy ha in wiet seizoen en in drûch seizoen, mar dat makket net safolle ferskil. It is altyd prachtich waar hjir. Hjoed is it mar in graad as 30, in bytsje oan de koele kant", grapjaget er.

Leafde op it earste gesicht

Troch de leafde is er yn de jierren '70 yn Suriname bedarre. Yn de kolleezjebanken fan de universiteit yn Grins rekke er fereale op Ilse. "It wie leafde op it earste gesicht", fertelt Harmsma. Ilse hie dêrfoar al yn Suriname wenne. "Har heit wie nei de Twadde Wrâldoarloch nei Suriname ferhuze. Hy wie advokaat. Letter binne se wer weromkaam nei Nederlân."
Nei harren ôfstudearjen binne Anne en Ilse nei it Súd-Amerikaanske lân gien. "Earst op fakânsje en ik fûn it sa prachtich moai dêr, dat we seinen: kinne we der letter net hinne gean? Doe ha we ús praktyk yn Nederlân oerdroegen, we wienen beiden advokaat, en binne nei Suriname gongen."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Se binne no 50 jier byinoar en wurkje beiden noch altyd yn de advokatuer. Harmsma hat troch de jierren hinne ek as universiteitsdosint en by ferskate banken wurke.
Offisjeel kinne minsken yn Suriname mei pensjoen as se 60 jier binne. "Mar dêr ha we ús net folle fan oanlutsen, myn frou en ik", seit Harmsma. Se ha nei harren pensjoen noch in kantoar oprjochte en jouwe juridysk advys oan grutte bedriuwen en de oerheid. "We ha in moai libben hjir mei it meihelpen fan Suriname foarút te stjitten."
Wy hoege net te wurkjen, mar we dogge it noch altyd graach.
Anne Harmsma
In gemiddelde wurkdei duorret dêr, lykas yn Nederlân, sa'n acht oeren. "Wy dogge dat net, wy dogge wol mear", laket Harmsma. "Mar it is ek in hobby. Wy hoege net te wurkjen, mar we dogge it noch altyd graach."
Yn Suriname wurde de krystdagen mei entûsjasme fierd, wit er. "We ha hjir in prachtich ferskaat oan allegear groepen minsken, dy't hjir byinoar kommen binne yn de ôfrûne 200 jier. Elkenien docht mei mei alle feestdagen dy't it leauwen mei him meibringt. We dogge in protte oan de krysttiid."
It hûs fan Anne en Ilse yn Paramaribo © Anne Harmsma
Ek by de jierwiksel wurdt grut útpakt. "Dat is in hiel grut feest hjir yn Suriname. Echt bjusterbaarlik soenen se sizze yn Fryslân. Dêr helje we sels CNN mei. We ha hjir fjoerwurk dat by jim allegear ferbean is. De ôfrûne moanne binne hjir 26 konteners fol fjoerwurk oankaam."

Fjoerwurkspektakel

Lange stringen mei fjoerwurk wurde yn de haadstrjitte fan Paramaribo dellein. "De langste binne ûngefear 400 meter lang en dan lizze der in stik as 10 neist inoar. Dat giet ûngefear twa oeren troch. We ferwachtsje dêr tusken de 20.000 en 30.000 minsken út de omjouwing by."
Militêren en de plysje befeiligje alles en de besikers meie gjin alkohol drinke. It fjoerwurkspektakel wurdt filme mei drones, seit Harmsma. "En dan giet it de hiele wrâld oer. It is it grutste feest fan Suriname. Minsken komme der foar oer mei it fleantúch út Nederlân." Harmsma syn soan, dy't húsdokter is op Aruba, is der dit jier ek by. Syn dochter, dy't semy-dokter is yn Grins en takom jier ôfstudearret, koe net frij krije.

Bân mei Fryslân

Nei al dy tiid yn it tropyske lân hat Harmsma noch altyd in waarme bân mei Fryslân. "Elke dei it Fryske nijs even sjen by de Omrop en myn favorite programma is HEA! Dat is sa moai wat jim dêr mei dogge, dat fyn ik skitterjend. En moarns begjint it betiid mei Fryslân, want ik drink elke moarn in glês molke út Fryslân."
Alle jierren komt er ek noch wol ien of twa kear werom yn Aldeboarn. "Dan stap ik der even om en sjoch noch wat klasgenoaten."