De toan fan Froukje Sijtsma: "Kollum & Burdaard"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Myn suskes en ik krigen goed tsien jier lyn yn de krystfakânsje allegear in T-shirt kado fan ús âldste sus. Op de foarkant stie in ôfbylding fan in slak, mei dêrûnder de wurden Kollum & Burdaard.
Op dat stuit wisten wy noch net dat ús heit en mem, dy't doe noch yn Hallum wennen, harren foar in oar wenhûs oriïntearje soenen op krekt dy twa doarpen.
De toan fan Froukje Sijtsma
Kollum & Burdaard, plaknammen mei in aardige twist. Want je kinne der ek de wurden 'kalm' en 'bedaard' yn lêze of hearre. Doch it mar gewoan efkes rêstich oan. In goed boadskip foar my en myn sussen, want alle fiif binne wy thús en mei it wurk aardich warber.
Ast it hiele jier hurd wurkest, dan hast tusken de krystdagen en âld & nij meast de ein yn de bek. Dêrom skaal ik de lêste jierren yn desimber stadichoan ôf en bin ik mei de krystfakânsje, tegearre mei myn dochter, ek echt lekker frij.
Sadwaande siet ik sa bot yn de fakânsjemodus dat ik hast fergeat dat ik de alderlêste kollum fan dit jier noch meitsje moast. En in ûnderwerp hie ik noch net. "Wêrom dochst gjin kollum oer Kollum?", sei myn freon grapkjend.
Earste krystdei hienen wy nei famylje yn Harich west, hast it súdlikste puntsje fan Fryslân. En dus in goeie reden om it twadde krystdei ris wat heger op te sykjen yn de provinsje. En dus gienen wy fia Kollum nei Burdaard, it doarp dêr't myn âlden eintsjebeslút nei ferhûze binne.
Yn Kollumerpomp, krekt boppe Kollum, fynst natoergebiet Kollumerwaard, dêr'tst neist fûgels ek Skotske heechlanners en konikhynders tsjinkomme kinst. It gebiet is ûnderdiel fan Nationaal Park Lauwersmar. Yn myn jeugd kaam ik dêr foaral oer it wetter. Mei ús sylboat, dy't yn de haven fan Dokkumer Nije Silen lei, farden wy fia de kronkelingen fan it Dokkumerdjip nei de Lauwersmar.
It is in hiel moai en rêstich gebiet. In pearel yn Fryslân dy't troch toeristen, mar eins ek troch de Friezen sels, faak oer de holle sjoen wurdt. En krekt dêrom is der de lêste jierren in pear miljoen yn pompt om it gebiet oantrekliker te meitsjen.
Oan de râne fan it Dokkumerdjip, yn it Djipsterbosk stiet sûnt dizze hjerst in útkyktoer. Arsjitekte Nynke-Rixt Jukema, dy't it goed 25 meter hege bouwurk ûntwurp, makke der in strakeagjende toer fan. Oan de kant fan de bosk stiet in grienkleurige toer, dy't ferbûn wurdt mei stielen treppen oan in brún, rusteftige toer oan de wetterkant.
Stap foar stap krijst hieltyd bredere kontoeren fan it natoergebiet yn de kiker. Op sa'n 20 meter hichte kinst troch in strak foarmjûn frame it prachtige Lauwersmargebiet sjen. En wa't de lêste treden oandoart, kin noch folle wider en fierder sjen en tagelyk genietsje fan de stilte.
Mochtest yn it nije jier ris ferlet hawwe fan in momint fan fiersichten en besinning? Sykje it dan ris yn de buerten fan Kollum. Ik winskje jimme allegear in prachtich âld en nij ta. Slút 'm knallend, mar foaral in bytsje 'Kollum' en 'Burdaard' ôf!"