Alle berjochten tusken fleanbasis en Buma oer flechtlinge-opfang opfrege

It eardere túnsintrum oan de Troelstrawei, dit plak is yn byld as opfanglokaasje © Omrop Fryslân
In Ljouwerter advokatekantoar hat alle berjochten opfrege tusken boargemaster Buma en Definsje as it giet oer de pleatsing fan in takomstich asylsikerssintrum njonken de fleanbasis. Dat docht bliken út in nij Woo-fersyk.
Oanlieding foar it Woo-fersyk (Wet Open Overheid) is it nije stânpunt fan Definsje as it giet om de fêstiging fan in Regionale Opvang Locatie (ROL) neist de fleanbasis.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Ljouwert wol oan de Troelstrawei in opfang realisearje, op it plak fan in eardere túnwinkel. Yn de ROL soene 450 flechtlingen terjochte kinne.

Oar stânpunt

Ynearsten joech Definsje oan dat de lûdsoerlêst fan strieljagers in probleem wêze soe foar it realisearjen fan in ROL. Mar nei fragen om opheldering fan boargemaster Buma waard dat beswier troch Definsje ynlutsen.
De wikseling fan stânpunt is foar it Ljouwerter advokatekantoar reden om in Woo-fersyk yn te tsjinjen. It kantoar freget dêryn om alle korrespondinsje, ynklusyf whatsappberjochten en telefoannotysjes "gevoerd tussen uw college, c.q. de burgemeester van Leeuwarden in de periode 25 oktober 2022 en de bedoelde brief van Defensie als antwoord daarop".

Debat

De fêstiging fan in ROL njonken de fleanbasis is al langer diskusje yn de gemeente, sawol ûnder riedsleden as omwenners. Dêrneist is it net de earste kear dat der in Woo-fersyk yntsjinne is.
Op 18 jannewaris giet de ried yn debat oer de mooglik nije flechtlinge-opfang.