Roeiwedstriid op iisbaan Nijlemmer kin moarn wol trochgean

Earder dizze moanne lei der noch in laachje iis op de iisbaan fan Nijlemmer © Lenus van der Broek
De roeiwedstriid op de iisbaan fan Nijlemmer giet moarn dochs troch. In testwedstriid twaenheale wike lyn koe net trochgean, omdat der just doe iis lei. No binne de omstannichheden foar de roeiwedstriid wol geskikt.
It is foar it earst dat de iisbaan brûkt wurdt foar in roeiwedstriid. Dy wurdt organisearre troch roeiferiening Skylla fan Wolvegea.
Dy feriening wie op 10 desimber ek al by de iisbaan om ferskate dingen út te sykjen. "Wêr kinne we it bêste ynstappe en útstappe bygelyks?", sei Hendrik Fokkema. "Om dat út te finen, soenen we derhinne mei de boaten foar wat proefrûntsjes. Ek om te sjen wêr't de eventuele ûndjipten sitte."
Mar dat koe doe net, omdat der nei in kâlde nacht in tin laachje iis op de baan lei. Mei de temperatueren fan no is dat gefaar der net.

Ek al koartebaanwedstriid op natueriis

De baan fan Nijlemmer wie op 15 desimber it dekôr fan de earste (en oant no ta iennige) koartebaanwedstriid op natueriis fan dizze winter. De 17-jierrige Johan Talsma waard de winner.