Plysje: mear drugslabs ûntmantele en gefaar fan eksploazjes nimt ta

Undersyk nei de eksploazje fan in drugslab yn De Haule © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It tal ûngelokken mei drugslabs is tanommen en as it misgiet, binne de risiko's grut. Dat meldt de plysje. Dy konstatearret lanlik in ferdûbeling yn fergeliking mei 2021 en seit dat "zorgelijk" te finen.
Dizze simmer ûntplofte in drugslab yn De Haule. By dy eksploazje foel ien deade en rekke in oare man swier ferwûne. Op oare plakken yn Nederlân foelen by ûngelokken nochris twa deaden en rekken minsken ferwûne. Yn totaal wiene der it ôfrûne jier fjirtjin slimme ynsidinten mei drugslabs, tsjin seis yn 2021.
By de plysje meitsje se har grutte soargen, seit wurdfierder Thijs Damstra fan plysje Noard-Nederlân: "It binne laboratoaria dêr't syntetyske drugs makke wurde. Dêr steane grutte tsjettels. Dy soargje foar sa'n grut gefaar dat wy dêr bot op ynsette."
Faker drugslabs yn Fryslân
De eksploazje yn De Haule is dêrfan in goed foarbyld, seit Damstra: "Je koene op de bylden goed sjen hoe grut dy wie. De drukgolf en dêrnei de reekwolk dy't ûntstie, dy wie enoarm."

Mear foarljochting

De ôfrûne tiid is der yn Fryslân ynvestearre yn foarljochting, ûnder oare by gemeenten. Sa koe it dat in drugslab yn Drachten ûntdutsen waard. Amtners rûkten dêr wat fertochts en koene yngripe.
Je kinne it goed rûke. It is in sterke gemyske geur, fergelykber mei anys.
Thijs Damstra, plysjewurdfierder
"Je kinne it goed rûke, ja", seit Damstra. "It is in sterke gemyske geur, fergelykber mei anys. Mar je kinne it ek sjen. Tink dan oan aktiviteiten by in loads dêr't it altyd stil wie en dêr't no auto's op en ôf ride en ruten ôfplakt binne."
Damstra ropt minsken op dat te melden. "Boargers ha dêr ek in ferantwurdlikheid yn. Meld it en dan kinne wy ek fierder ûndersyk dwaan."

Fan it Suden nei it Noarden

Sieten de drugslabs yn it ferline konsintrearre yn it suden fan it lân, no wurde se folle mear ferspraat oer it lân fûn. Yn benammen Noard-Brabân is de plysje aktyf yn de syktocht nei drugsbindes. De beide slachtoffers yn De Haule kamen ek út Brabân.
Damstra sjocht dat it tal labs tanimt, mar wol net fuort stelle dat der in ferbân is tusken de oanpak dêr en de tanimming hjir. "It is in feit dat der hjir mear oprôle binne. De eftergrûn witte we allinnich net, dat ha we noch yn ûndersyk."