Persoan ferwûne by stekynsidint yn wenning yn Snits, fertochte oanholden

© Omrop Fryslân
Yn de wyk Duinterpen yn Snits hat woansdeitejûn in stekynsidint west. In 30-jierrige Snitser is oanholden. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht, mar koe al fluch wer nei hûs ta.
It stekynsidint wie om 19.00 oere hinne yn in wenning oan de Rode Klaver yn de stêd. De plysje sette út foarsoarch in arrestaasjeteam yn.
De fertochte waard op de lokaasje fan it ynsidint net oantroffen, mar efkes letter koe de man op strjitte wol oanholden wurde. De man wurdt fertocht fan swiere mishanneling.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht.