Spoedoerlis oer problemen akwadukt A7: "Oplossing duurt naar verwachting zes maanden"

Sânsekken op de A7 tusken Snits en De Jouwer © Omrop Fryslân
Provinsje Fryslân, Rykswettersteat en de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren ha woansdei op it gemeentehûs fan Snits spoedoerlis hân oer de problemen mei de A7 tusken Snits en De Jouwer.
It stik sneldyk is sûnt twa wiken yn beide rjochtingen ôfsletten, omdat it grûnwetter in tunnelelemint yn de Prinses Margriettunnel omheech drukt hat. De urginsje en it ferlet om ta in goede mienskiplike oplossing te kommen, is by alle partijen grut, fertelt wethâlder Irona Groeneveld fan De Fryske Marren. Dêrom is der in wurkgroep ynsteld.

Oplossing noch net fûn

Rykswettersteat is eigener fan de tunnel en hat de tunneleleminten stabilisearre mei hast 10.000 grutte pûden mei sân. Hoewol't de oarsaak fûn is, lit in oplossing noch even op him wachtsje, seit haad-yngenieur en direkteur Joost de Ruig fan Rykswettersteat.
Transportbedrijven moatte noch op syn minst in healjier rekken hâlde mei omliedingsrûten foar de A7
"We hebben hier te maken met hoge grondwaterstanden, veenweidegebied en een dorp dichtbij, dat alles maakt het niet gemakkelijk. Een oplossing gaat naar verwachting zes maanden duren."

Omliedingsdiken kwetsber

Deputearre Avine Fokkens hat noed oer de technyske steat fan de brêgen, fiadukten en akwadukten yn Fryslân. Se wol dêr mear omtinken foar fan it ryk. "We zijn daarin niet uniek, maar we hebben wel meer water dan andere provincies. Rijksbrede aandacht voor deze specifieke situatie is meer dan wenselijk."
Trochdat de A7 tusken Snits en De Jouwer no ticht is, moat it ferkear omlaat wurde. Omliedingsdiken en de brêgen dêryn wurde swierder belêst en slite dêrtroch flugger of binne min bestân tsjin swier ferkear. Neffens de ynstânsjes wurdt besocht de oerlêst foar brûkers en omwenners ta in minimum te beheinen.

Twadde oerlis yn jannewaris

Heal jannewaris stiet it folgjende oerlis op de aginda, yn it gemeentehûs fan De Jouwer.