Ferlet fan huzen yn Sleat: "Hjir is foar jongerein gjin mooglikheid om te keapjen"

Theo Vis, foarsitter Pleatslik Belang Sleat © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Der is in ferlet fan huzen yn Sleat. Dêrom hat it pleatslik belang fan Sleat no in proses yn gong set om in nije wenwyk te bouen.
"Dat kin bygelyks by de iisbaan, mar dan moat dy ferhúzje", seit Theo Vis. Hy is foarsitter fan it pleatslik belang fan Sleat. De iisbaan leit ticht tsjin de stêd oan en is dêrom geskikt as lokaasje. "Eins binne de fuotbalfjilden it moaiste plak. Dat kostet allinnich te folle jild om te ferpleatsen."
Leden fan de iisklup en de fuotbalklup hoege foarearst net bang te wêzen foar in langere fytstocht, want it plan moat earst útwurke wurden. De gemeente De Fryske Marren motivearret doarpen en stêden om sels nei te tinken oer it bouwen fan huzen.
Vis: "Eartiids wie it allegear net mooglik. No seit de gemeente dat it wol kin, mits der genôch minsken binne, der finansiering is en de minsken in plan hawwe."
Komme hjir daliks huzen? © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Djoere huzen
De minsken binne der wol. Op in ynformaasjejûn hawwe trettjin minsken harsels ynskreaun. "Benammen de jongerein tusken de 20 en 30 jier", seit Vis. "Dy wenje no noch thús. Der is eins gjin mooglikheid om hjir in wenning te keapjen. Se binne djoer en der binne gjin keap- en hierwenningen frij."
Ferskate jongerein binne dêrtroch ek ferhuze nei bygelyks Balk of Sint Nyk.
Ik tink dat we 100 prosint kâns op slagjen hawwe.
Theo Vis, foarsitter Pleatslik Belang Sleat
In eask fan de gemeente is dat de huzen gasleas en miljeufreonlik binne. Nei alle gedachten is de fraachpriis dêrom boppe it startersbudzjet. "Dêr binne wy fan oertsjûge. We moatte dus sjen dat mear kapitaalkrêftige minsken dy nije huzen keapje, sadat der wer huzen frijkomme dêr't de jongelju yn kinne", seit Vis.
De trettjin minsken dy't harren ynskreaun hawwe, moatte de plannen no útwurkje. Dat giet dan nei de gemeente. Vis: "Ik tink dat we wol in 100 prosint kâns op slagjen hawwe. De lokaasje sil miskien in probleem wêze. Mar as we dy fine, slagget it ús ek wol om dy wenningen te bouwen."