Fjoerwurkferkeap wer los, klanten steane al betiid yn de rige

Wat foar fjoerwurk wurdt it dit jier? © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Minsken kinne fan tongersdeitemoarn ôf foar it earst yn trije jier wer fjoerwurk keapje. De ôfrûne twa jierwiksels wie der in ferbod fanwege de coronapandemy. De ferkeap duorret trije dagen. Sûnt heal novimber wiene de webwinkels al iepen, dêr't fjoerwurk besteld wurde koe.
Foar it fjoerwurk, kategory F2, dat op 29, 30 en 31 desimber ferkocht of ôfhelle wurde mei, jildt in minimumâldens fan sechstjin jier. Húshâldings meie net mear as 25 kilo hawwe.
It giet allinnich om sierfjoerwurk, om't der sûnt 2020 in ferbod jildt op knalfjoerwurk. Ferkeapers binne ferplichte om klanten in fergeze feilichheidsbril mei te jaan. Ek oansteklonten sitte by de bestellingen yn.
Fjoerwurkferkeap wer los, klanten steane al betiid yn de rige
De fjoerwurkbrânsj ferwachtet dat der sa'n 85 miljoen euro oan legaal fjoerwurk ferkocht wurde sil. Dat is rom 10 prosint mear as de 77 miljoen euro yn 2019.
Fjoerwurkferkeapers hiene it tal bestellingen yn de foarferkeap al flink omheech gean sjoen. Neffens Stichting Vuurwerkdealers Nederlands Consumentenvuurwerk gie it om oardel oant twa kear safolle bestellingen yn fergelyk mei 2019.
Fjoerwurkferkeapers yn Snits © Omrop Fryslan
By in fjoerwurkferkeaper yn Snits gienen de doarren tongersdei al betiid iepen. "We zijn er altijd vroeg bij, want dan kunnen we de dag zo lang mogelijk rekken", seit eigener Fokke Rosier.
Der binne ek al betiid klanten oan de doar, dy't in online bestelling ophelje komme. It is drok yn de saak, mar de ferkeap fan fjoerwurk wurdt yn de takomst mooglik oan bannen lein. Yn de polityk wurdt sprutsen oer in fjoerwurkferbod yn it hiele lân.
Dêr is Rosier net benaud foar. "Ik zit al langer in dit vak en weet dat het gevoelig ligt. Elk jaar is er weer gedoe over. Zelf denk ik dat het illegale circuit dan groot wordt en dan heb je een probleem. Het illegale vuurwerk is totaal niet gecontroleerd en is onveilig. Daar komen juist de ongelukken door."