Op ien nei âldste byntkonstruksje yn Fryslân ûntdutsen yn Wergea

© Borghaerts Houtdatering
Fan bûten ôf is der neat bysûnders te sjen oan de pleats fan de famylje Biewenga oan de Wergeasterdyk 2 yn Wergea. Mar út ûndersyk docht bliken dat it byntwurk út likernôch 1601-1602 datearret. De pleats Great Hemrikein (Grut Himrikein) hat hjirmei de op ien nei âldste oarspronklike bynttkonstruksje yn Fryslân.
De fynst komt troch in tip fan doarpshistoarikus Sjoerd Spykstra. "Grut Himrikein is in kop-hals-romppleats mei in 19e-iuwsk foarhûs. Dêrachter stiet in skuorre mei in flauwe dakhelling en dêrtroch tocht ik, dat de skuorre folle âlder wêze kinne soe as it foarhûs."
Hy dielde syn fermoeden mei de ôfdieling Erfgoed fan de gemeente Ljouwert. Dy joech dêrnei Borghaerts Houtdatering út Easterein opdracht foar in dendrogronologysk ûndersyk. Borghaerts naam boarstalen ôf fan it byntwurk en meat de jierringen fan it hout hiel sekuer op. "Ik heb boringen gedaan in het hout om te bepalen hoe oud het hout is en waar het vandaan komt. Daarnaast heb de constructie beoordeeld op basis van de kenmerken, om te zien of die overeenkomen met bouw uit die periode."
Hy koe dêrút opmeitsje dat it hout kapt is yn 1600 yn West-Dútslân, en dat is bysûnder om't it dan giet om in grinsgefal. "Er is altijd gedacht dat er na 1600 niet meer met eikenhout is gebouwd, behalve even in een korte periode rond Napoleon toen de aanvoer van hout stil kwam te liggen. En deze boerderij zit precies op de grens, het moet bijna de laatste zijn die nog met eikenhout is gebouwd."

Unike fynst

Neidat er fêststeld hie dat de stilen fan it byntwurk noch op harren orizjinele klippen of poeren steane, wie dúdlik dat hjir wat bysûnders oan 'e hân wie. "Dit is een unieke vondst. Na een boerderij in Reahûs, waarvan de gebinten uit 1597 dateren, is dit het oudste originele bintwerk van voornamelijk eikenhout, dat nog op zijn oorspronkelijke plek staat", seit wethâlder Evert Stellingwerf fan de gemeente Ljouwert.

Skiednis

Grut Himrikein hearde al yn de fyftjinde iuw ta oan famylje Aytta. De bekendste wie Wigle (Viglius) fan Aytta. Hy wie diplomaat en in wichtich adviseur fan keizer Karel V en kening Philips II. Nei it ferstjerren fan Viglius op 8 maaie 1577 gie Grut Himrikein nei syn neef, Wybrand Seerps Aytta.
Op 19 maaie 1603 kaam Wybrand ûnder in hynder yn in sleat telâne en ferdronk. Oant de bou fan de oarspronklike boereskuorre fan Grut Himrikein is dus opdracht jûn troch Wybrand Seerps Aytta. Nei alle gedachten hat er noch krekt meimeitsje kinnen dat it wurk klear wie.