Greet Andringa

Froast 

logo.ensafh

It spûket hjoed perfoarst net op it Spûkeleantsje achter Eastermar. It is prachtich froastich waar, de sinne glinsteret yn de iiskristallen op it gers en it fallen blêd en hjir en dêr hinget noch in helderreade bottel oan in wylde roazestrúk. De ûndergrûn fan it smelle paadsje is noflik hurd ûnder de berchskuon dy’t dit jier by ús kuier fan de westkust fan Súd-Skotlân nei de eastkust gâns oare boaiems meimakke hawwe.

Yn dizze koarte dagen om de wintersinnekear hinne doarmje de tinzen frijwat  rjochting wat west hat en wat noch komme sil. En grif dit jier wêryn’t Koroana noch mar it earste spûk bliek. We hiene en hawwe fansels ús Graaf Vlad, dy’t opjage troch de tiid, de neier kommende delgong fan it âlder wurdend lichem, tearen en krupsjes, besleat om noch ien kear mei in Blitzkriech dy’t gjin kriich hite mei, ear oan syn namme te jaan. Vladimir betsjut by eintsje beslút Grutte Hearsker. No tink ik dat it him yndie slagget de skiednisboeken of -apps yn te gean, mar de glânsrikens koe wolris wat ôffalle, mei al dy Oekraynske blabber en it stiet ek net al te sjiek mear tsjintwurdich as der tefolle martelpraktiken oan te pas komme.
Fansels  hawwe we ek noch de enerzjy, natoer- en milieukrisis. En de gatten dy’t It Firus slein hat yn de sosjale gearhing. Net allinnich troch stjergefallen en groanysk siken, mar just ek yn deistige lytsichheden. Dy binne noch altyd net wersteld en dat is te merken. Dy trije obligate tuten sil ik net sa bot misse, mar ek in hân jaan of in krûpke fielt noch altyd nuver. De lea fan oare minsken is wat frjemds wurden en dêrmei ek ús eigen lea. En dat soe wolris in wichtige reden wêze kinne wêrom’t hieltiid mear minsken har ferskûlje yn  harren eigen hieltiid healwizere en selsbefêstigjende ferklearringsmodellen fan wat der geande is yn de wrâld. Blykber moat immen de skuld ha fan de sân Egyptyske plagen dêr’t we no mei ús allen yn omtyskje. It regear doocht net, de kapitalisten, de kommunisten, de frjemdlingen, de boeren, de rânestêdelingen, de konservatieven, it linkse gaies… It giet sels sa mâl dat guon minsken serieus tinke dat der in elite mei kâld bloed, skobben en in sturt efter sit. Dea-ing mar blykber is it noch folle grizeliger jin te ferpleatsen yn it idee dat der miskien wol hielendal gjin ûnsichtbere kweawollende autoritêre macht is dy’t der op út is om jin persoanlik kapot te meitsjen.
Ik moat tinke oan de kikkert dy’t myn leafste en ik fan ’t simmer tsjinkamen op krekt sa’n tin paadsje as dit Spûkeleantsje. Net allinich ús spaad, maar ek sines gong troch de wat stjonkerige sûchmodder, al wie hy dêr mei syn fluezepoatsjes better op taret as wy. Hy hie aardich de gong der yn, oant er ús yn it each krige. Mei ien poat omheech, eins al foarútstutsen foar de kommende stap, befrear er folslein. Stokstiif wie er, as dea.
Der wie in tiid doe skreau ik mysels in paad nei it libben. Ik joech wurden oan wat ik seach yn de wrâld om my hinne en de wrâlden yn mysels en dêrmei waard alles op de ien oft oare wize mear wier, krige mear kleur, mear stal en tagelyk ek mear tsjoenkrêft. Mar allegearre yn my. Ik libbe yn myn holle en ik makke dêr in konstruksje dêr’t ik fan tocht dat dy it wiere libben wie. De wiere wrâld wie my eins fierste folle en fierste ing. Ik funksjonearre dêr, helle stúdzjes, wurke, waard mem ensfh. mar altyd mei earne djip yn myn lei in klomp iis,. Beferzen libben, in libbene deade kikkert.  Dy’t ik sels net yn de gaten hie om’t it sa gewoan wie dat er dêr siet. It iis soarge dat nimmen myn allerdjipste kwetsberens reitsje en kapotmeitsje koe. It iis soarge ek dat ik der eins nea hielendal wie. En tinken bleau dat de wrâld te gefaarlik wie om yn te libjen. Opsletten yn it iis koe ik ek de moaie dingen net echt sjen foar wat se wiene, omdat ik my dêr net echt mei ferbine koe.

Reptilen dy’t de wrâld bestjoere. Leave minsken, dy reptielen of amfibyen, dy binne net bûten ús, we binne it sels. Dat is gewoan de homp senuwstelsel dy’t we gemien hawwe mei ús skobbige, sompige, spûkeftige foarrinners. Dat is it part fan ús dat giet oer fjochtsjen, flechtsjen en befriezen. By Tsaar Vlad is it de fjochtmoadus. By ús komplottinkers is it in gearmjoksel tusken fjocht-en flechtmodus. By de foarneamde kikkert en my giet it mear rjochting dijipfries. En by fierwei de measte minsken wurdt it dat, ek as der oan de oerflakte neat fan te sjen is en it allegearre hiel normaal liket. Krekt dan. As de gefaren hiel grut wurde of lykje, slút der wat ôf yn de measte minsken. Om net de eangst, ûnmacht  en pine te fielen fan wat dêr eins oan de hân is, wat der eins dien wurde moat. Wy binne allegearre betsjoende prinsen en prinsessen. Kikkerts yn de put.

Wa leaut der noch yn mearkes? Ik. Oan it ein fan it prachtich leantsje knoffelje en glydzje ik út oer in beamwoartel. Myn leafste heint my op en hâldt my eefkes stevich fêst. Waarmte streamt troch myn ieren. Syn eagen glinsterje. Wy jouwe inoar in tút.
Wy binne fansels net allinnich mar dy âlde parten fan ús brein. Wy binne folle mear. Wy kinne folle mear. Salang’t wy noch net direkt stjerre is der hoop.
Ik winskje jimme allegearre in soad waarme oprjochte tuten en krûpkes ta yn it nije jier.

2 reaksjes op “Froast 

  1. Wat in prachtige kollum! It spruts my hiel bot oan en is werkenber. Tankewol.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *