Plysje fynt 96 kilo yllegaal fjoerwurk yn wenning yn Ljouwert
De plysje hat 96 kilo yllegaal fjoerwurk oantroffen yn in wenning yn de Vrijheidswijk yn Ljouwert. Der is in 38-jierrige Ljouwerter oanholden en it fjoerwurk is yn beslach naam.
Plysjeminsken kamen ôf op in melding fan in rûzje, mar doe't se by de wenning wienen, kamen se it fjoerwurk tsjin. It guod is foar konsuminten ferbean en is dêrom yn beslach naam.