Oekraïne-aksje fan LC en DvhN grut sukses: fan winterklean oant "malse gehaktballen"

Yn de rin fan de dei groeit it oantal konteners want de minsken bliuwe mar kommen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De ynsammelaksje foar Oekraïne fan de Leeuwarder Courant yn Ljouwert en it Dagblad van het Noorden yn Grinslân hat njoggen konteners oan guod en 250.000 euro opsmiten. Dat is folle mear as dêr't earst op rekkene waard.
"Wy tochten earst oan ien kontener", seit haadredakteur Sander Warmerdam. Tongersdeitemoarn eefkes nei alven die lykwols bliken dat al hast trije konteners fol sieten en waard begûn in fjirde kontener te beladen. De teller hâldt úteinlik op njoggen konteners.
Yn Ljouwert giet it om fjouwer konteners, yn Grins en Emmen waarden nochris fiif konteners folle. Dêrnjonken waard der 250.000 euro donearre.

"We moatte harren helpe"

De belutsenheid ûnder it Frysle publyk is grut. "Wy hawwe wat romte makke op souder", sa fertelt ien fan de minsken dy't tongersdeitemoarn klearstiet mei in pûde fol guod. De jeften kinne ôfjûn wurde op it parkearterrein by de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad.
Respons op Oekraïne aksje krante boppe ferwachting
"Dy minsken dêr hawwe it nedich, en wy hawwe it oer. Dus wy moatte harren helpe", seit in man. Njonken tekkens en klean hat hy ek noch in itensierdersstel meinaam. "Dy wie ek noch oer."

File op it parkearterrein

De aksje foar Oekraïne rint as it slydjaget. Op it hichtepunt stiet der in file foar it parkearterrein en wurdt minsken frege om letter werom te kommen. De drokte kin de man mei it itensierdersstel neat skele, hy fynt it prachtich, "Des te better!"
Eefkes letter komt der in man yn in bestelbuske. Hy is dêr "in opdracht van mijn baas" mei in stapel pallets mei "malse gehaktballen". Dêrnjonken hat er ek noch lammefleis yn de oanbieding. Alles sit yn blik sadat it lang bewarre bliuwe kin.
Alles wurdt troch frijwilligers registrearre en begelaat. Ien fan harren is haadredakteur Sander Warmerdam. Hy sjocht tefreden nei de opkomst, en is wiis mei de tredde kontener. "Dy is wol nedich, want dy oare twa sitte al fol!"

Hertferwaarmjend

Ek it ynsammeljen fan jild giet boppe ferwachting, der is yntusken al mear as twa ton ophelle. "It is hertferwaarmjend hoe't de Fryske befolking útrint yn de krystfakânsje om dit guod te bringen", seit Warmerdam.
De haadredakteur hopet dat minsken sels kritysk binne op wat se donearje, want mei troch it grutte tal donaasjes kin der dreech selektearre wurde op kwaliteit. "We fertrouwe derop dat minsken goed neitinke oer wat se deryn dogge. Simmerklean hawwe wy gjin ferlet fan."
Foar dejinge dy't graach witte wol oft syn donaasje goed telâne komt, hat Warmerdam goed nijs. "De gedachte is dat ús ferslachjouwer meigiet, en folget wêr't dit telâne komt." It jild sil ûnder oaren brûkt wurde om generatoaren te keapjen, en dêr kin wer in sikehûs op draaie.