Auto's botse op N359 by Wikel, 80-jierrige Lemster rekket ferwûne
By in ûngelok op de N359 by Wikel is tongersdeitemiddei in 80-jierrige frou fan de Lemmer ferwûne rekke. Twa auto's botsten om 12.45 oere hinne tsjin elkoar.
De frou is nei it sikehûs oerbrocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok krekt barre koe.