Tinteferhier rint wer as in tierelier: sân op de tsien oanfragen fan nije klanten

Tinten fan Van Kammen út Easternijtsjerk
© RTV NOF, Ben de Jager
Nei twa rêstige jierren is it foar tintebouwer en cateraar Van Kammen wer ris tiid foar topdrokte. "It is no wer efkes echte drokte", seit direkteur Ale Siemen van Kammen. "Eins itselde as oare jierren foar corona."
It bedriuw hie it yn 2020 en 2021 noch hiel rêstich. Dy tiden binne foarby, ûnder oare omdat in pear oare bedriuwen yn deselde sektor de ôfrûne jierren net oerlibbe ha.
Direkteur Van Kammen sjocht sels mei goede moed nei de takomst en sjocht ek dat it mei de jierwiksel hiel drok is. "It wurk yn dizze tiid is hiel ferskaat: fan in tinte fan 5 by 3 foar in karbidploech oant in grutte feesttinte dy't yn bygelyks Damwâld stiet."
RTV NOF peilde de drokte by it bedriuw:
Tinteferhier rint wer as in tierelier: sân op de tsien oanfragen fan nije klanten
Van Kammen sit sels yn Easternijtsjerk, mar sels bûten de provinsje witte se it bedriuw te finen. "Yn Schildwolde, Grinslân, stiet de hiele desimbermoanne in feesttinte. Dêr wurdt fan alles yn organisearre, mei krystmerken, feestjes en in âld-en-nij-feest."
It measte wurk bliuwt lykwols yn de eigen regio. Lykas yn Nijewier: "Dêr brûke se âlde flierbedekking fan ús by it karbidsjitten, wat oars dochs fuort moast. Allerhande saken ha we eins mei âld en nij."

Oare bedriuwen opholden

Dat der in evenemintebrânsj fan foar en 'nei' corona is, is foar Van Kammen wol dúdlik. "Der binne in tal kollegabedriuwen opholden of troch de helte gien."
Foar it bedriuw út Easternijtsjerk is it dêrom noch drokker. Sân op de tsien oanfragen komme fan nije klanten. "Lêsten kaam der ien út Amsterdam dy't 20 pannen hiere woe", neamt er as foarbyld.
De ekstra drokte is moai, mar bringt ek wer nije problemen mei him mei. It personielstekoart yn hast alle sektoaren bygelyks. Ek by Van Kammen steane noch fakatueres iepen.
Dêrby komt noch dat de aginda foar takom jier al earder fol begjint te rinnen as oars. "Peaske en Pinkster bygelyks, dan sit de aginda al hast fol."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.