Foargevel útbrând ryksmomumint op De Gordyk ek ferlern gien

De ravaazje nei de brân is grut © Noordernieuws
In útslaande brân hat tongersdeitejûn in monumintaal pân oan de Tsjerkewâl op De Gordyk yn 'e jiske lein. De foargevel fan it gebou is dêrby ek ferlern gien. Troch de brân wie de foargevel ynstabyl wurden en dat smiet ynstoartingsgefaar op.
Ek it gebou neist it monumintale pân is ferlern gien troch de brân. De twa gebouwen wienen mei-elkoar ferbûn en waarden yn it ferline brûkt as fytsesaak. Se stienen beide al jierren leech.
It gebou yn 1967 © Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed
It âldste gebou is in ryksmonumint út 1776. De brânwacht hat de omjouwing foar de feiligens ôfset. Brânwachtwurdfierder Jan Kees Toxopeus hie earder noch hoop dat de foargevel behâlden wurde koe, mar dat is net slagge.
Omwenners oer de brân op de Gordyk
Foar it bestriden fan it fjoer koe de brânwacht wetter helje út de feart lâns de Tsjerkewâl. Dat wie hiel geunstich, seit Toxopeus. "De bluswatervoorziening was heel erg dichtbij, dus we konden gelijk op open water. Dat is natuurlijk een heel groot voordeel, omdat je dan gelijk voldoende bluscapaciteit hebt."

Untromming

De brânwacht koe foarkomme dat de flammen oersloegen nei in tredde gebou. Acht njonkenlizzende hûzen en oare gebouwen waarden ûntromme. De bewenners koenen wer werom nei harren hûzen nei't it sein 'brand meester' jûn wie, even nei middernacht.
By de brân binne gjin minsken ferwûne rekke. Omdat it om in útslaande brân gie en omdat der in soad bebouwing omhinne stiet, skaalde de brânwacht grut op.
Ik deed de deur open en zag de vlammen uit het dak slaan.
In omwenner dy't tsjin de brân oer wennet
In omwenner dy't der tsjinoer wennet, hearde de sirenes fan de helptsjinsten oankommen. "Toen ging ik kijken. Ik deed de deur open en zag de vlammen uit het dak slaan. Het kwam wel erg dichtbij."
Yn earste ynstânsje skrok hy. "Want je denk natuurlijk altijd dat het aan deze kant van de wal is. Maar het was aan de overkant. Ik hoorde dat er geen gewonden zijn gevallen, dat vind ik al heel belangrijk. Ik vind het alleen wel zonde van het pand." Neffens de omwenner stie it gebou al tsien jier leech.
Ferslachjouwer Earryt Sijens op it plak
Ek in ûndernimmer oan itselde rychje skrok derfan. "Wy krigen allegearre appkes: is it dyn pân? Dat wie it gelokkich net, dit stie al lang leech. Binnen de koartst mooglike tiid stie it hielendal yn 'e brân. Dat gie hiel hurd. De wyn stie wol geunstich, nei it tsjerkhôf oan de efterkant. Wy hiene gjin reek, mar wol wetter yn de tún en de wurkpleats."
Hy fynt it wol skande foar de âlde foarside fan it hûs. "De gevel hie de eigener hielendal opknappe litten, neffens my hie it wol in ton koste. Dat is wol skande."

Oarsaak noch ûndúdlik

It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan de brân west hat. De resjerzje en de Forensische Opsporing dogge freed ûndersyk op lokaasje. Ek wurdt der ûndersocht oft it om brânstichting giet. De plysje ropt tsjûgen op kontakt op te nimmen.