KAART: Sjoch hjir wêr't op âldjiersdei mei karbid sketten wurdt

Op âldjiersdei stofje tal fan karbidploegen har molkbussen wer ôf. Der wurde omraak deksels en fuotballen de loft yn sketten. Op dizze kaart binne 322 lokaasjes te finen dêr't mei karbid sketten wurdt.
Foar boppesteande kaart is in ynventarisaasje dien by alle achttjin Fryske gemeenten om de plakken op te freegjen dêr't it tastien is om mei karbid te sjitten. Fansels kin der yn it wylde wei altyd op mear plakken sketten wurde, mar dit binne de plakken dêr't gemeenten grien ljocht foar jûn hawwe.
De lokaasjes op de kaart binne op 'e rûge roai: faak giet it om in stik greide yn de omkriten fan it adres. Ast op it molkbus-ikoantsje klikst, kinst by guon lokaasjes mear ynformaasje fine oer it plak.

Fûgelfrij Eaststellingwerf

Hielendal kompleet is de kaart net, want Eaststellingwerf ûntbrekt. Dat komt om't it karbidsjitten yn dizze gemeente fergunning- en meldingsfrij is.
Yn de gemeentlik feroardering is allinne opnaam dat der tusken 10.00 oere moarns en 02.00 oere nachts sketten wurde mei. Sokke regels en betingsten ferskille tusken gemeenten.
Foar it sjitten waarden net allinne molkbussen brûkt, lykas yn Jutryp (argyffoto) © ANP
Fierder binne yn de gemeente Harns ek gjin spesifike lokaasjes bekend, want dêr is it tastien om yn it greidelân om de stêd hinne mei karbid te knallen.

It meast yn Noardeast

Fan de gemeenten dêr't wol in list mei lokaasjes bekend is, wurdt it meast ôffjurre yn Noardeast-Fryslân: dêr hat de boargemaster tastimming jûn foar leafst 54 lokaasjes. Dêrnei folgje Tytsjerksteradiel mei 44 en Waadhoeke mei 31 lokaasjes.
Karbidsjitte by de Weibuorren yn Oerterp (argyffoto) © ANP
De iennige gemeente dêr't gjin molkbussen ûnder hannen naam wurde, is Skiermûntseach. Yn dizze gemeente kamen yn elts gefal gjin oanfragen binnen. Op de eilannen It Amelân, Skylge en Flylân giet it om seis, trije en twa lokaasjes.

Doarpen mei de measte meldingen

Fan de losse doarpen stiet It Hearrenfean mei tsien oanfragen op it heechste plak. Dêrnei folgje Drachten en Sumar mei beide acht oanfragen en Kollumersweach mei sân oanfragen. De kâns is grut dat de kopkes en pantsjes dêr aardich yn 'e diggelkast skuodzje.
Wat de gemeenten op de fêste wâl oanbelanget, binne yn ferhâlding mei it oantal ynwenners de measte karbidmeldingen dien yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Ut it 'Nieuwsblad van Friesland' fan 6 jannewaris 1912 © Delpher
De tradysje om kabaal te meitsjen mei de jierwiksel is al iuwen âld, mar it sjitten mei karbid kaam oan it begjin fan de 20e iuw yn 'e swang.
Bekend is dat op nijjiersdei 1912 by Drachten al jonges mei karbid sketten, hoewol't de maresjesee dat net lije woe.
Hoewol't it ûntploffe litten fan bussen en tanks net sûnder risiko's is, waard de tradysje yn 2014 dochs útroppen ta 'Ymmaterieel Kultureel Erfgoed.'