Ien rydstripe ticht en ferkearsljochten: om en om oer brêge Twellingea

De brêge by Twellingea © Kappers Media
Rykswettersteat nimt moandei ferkearsmaatregels op de brêge by Twellingea. Ien rydstripe wurdt ôfsletten en ferkearsljochten litte it ferkear om en om oer de brêge.
Troch it ôfsluten fan de A7 is it flink drokker wurden op de Nije Dyk, mar it weidek fan de brêge is dêrtroch fluch min wurden. Der binne maatregels nedich om mear skea te beheinen.
Mei help fan de ferkearsynstallaasje bliuwt de dyk berikber. It sil nei alle gedachten wol drokker wurde om de brêge hinne, sa lit gemeente Súdwest-Fryslân witte. Rykswettersteat wurket oan maatregels om de brêge op te knappen.
De brêge by Twellingea is der net bêst oan ta © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma