23-jierrige bestjoerder oanholden nei gefaarlike efterfolging by Twizelerheide

De situaasje yn Twizelerheide
© RTV NOF/ynstjoerd
De plysje hie ôfrûne nacht de hannen fol oan in efterfolging by Twizelerheide. In 23-jierrige bestjoerder fan Achtkarspelen negearre in stopteken en moast efterfolge wurde.
De efterfolging einige op de Bjirkewei yn Twizelerheide, wylst de plysje al besocht him op de Suder Stasjonsstrjitte yn De Westereen oan de kant te setten.
Yn Twizelerheide ried er mei 100 km/oere troch it doarp, wêrnei't er op 'e hichte fan de Wyldekamp tsjin in lantearnepeal botste. De auto is troch in berger fuorthelle.
Pas doe't plysjeminsken mei in stroomstjitwapen drigen, joech er belies. De man wurdt fertocht fan it riden fan alkohol en drugs, de plysje hat in blaas- en flibetest dien en bloed ôfnaam op it buro. Der is in proses ferbaal opmakke foar it negearjen fan it stopteken en it gefaarlike rydgedrach.