Teleks: Skriuwster Baukje Wytsma (76) út Reduzum ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwster Baukje Wytsma út Reduzum is tongersdei ferstoarn oan de gefolgen fan hertproblemen. Sûnt mids santiger jierren skreau Wytsma ûnder mear gedichtebondels, berneboeken, toanielstikken en lieten yn de Fryske taal. Dêryn komt in ferskaat oan maatskiplike ûnderwerpen oan de oarder.
Wytsma debutearre yn 1976 mei it berneboekje Romke Timen Tomke en oare opsizferskes. Yn 1980 ferskynde har earste bondel mei persoanlike poëzy Noch ien slach om ‘e buorren. De poëzy hat har belangrykste stylfoarm west. Langstme nei har bertegrûn en ek de dea binne wichtige tema’s yn har wurk.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *