FIDEO: Helmen foar snorfytsers fleane de doar út

De muorre stiet fol by Stef van Meerveld © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
In helm drage op scooters en snorfytsen mei in blau kenteken is fan 1 jannewaris ôf ferplicht. Dêrtroch is it hiel drok by scootersaken.
In boete kostet al gau sa'n 100 euro, wylst in helm faak mar in pear tientsjes kostet. Genôch minsken dy't dêrom nei de winkel rinne foar in hollebeskermer. Likegoed motorhelmen as speedpedelechelmen binne tastien.
Snorscooters en snorfytsen wiene benammen populêr by minsken dy't gjin nocht hiene oan it op hawwen fan in helm. No't dy plicht der wol komt, fernimt de RDW dat in hiel soad scooters omboud wurde nei masines mei giele kentekenplaten wêrmei't 45 kilometer yn de oere mei tastien is.
Dêrom binne saken, lykas dy fan Stef van Meerveld yn Drachten, no tydlik beskikber foar de keuring.
In boete kostet daliks 100 euro, dus dan kin de ynvestearring yn in helm wol út