Bistepensjons meitsje harren klear foar âld en nij: "Bisten krije stress"

Natascha Woudstra fan it bistepensjon © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Hûnen en katten krije stress fan it fjoerwurk dat ôfstutsen wurdt by âld en nij. By in bistepensjon yn Koarnjum is it topdrokte.
"It is foar elk bist oars, mar faak is it foar hûnen en katten net aardich at der fjoerwurk ôfstutsen wurdt", seit eigeneres Natascha Woudstra. "Sy kinne net pleatse wat foar lûd it is en wolle flechtsje. Benammen hûnen krije stress en wolle dan fuort. It is itselde as by minsken: as je troch de stress oernommen wurde, is it net mear te rêden."
By it bistepensjon yn Koarnjum binne dit wykein sa'n 50 hûnen oanwêzich. Mear kinne der net by en it is like drok as yn de simmerfakânsje. Minsken bringe it bist der fluch efkes hinne. "Wy sitte hjir bûtenút en hearre eins gjin fjoerwurk. Dat is noflik foar de bisten."
Topdrokte by bistepensjon
Mar net elkenien hat de lúkse om in bist by it pensjon te bringen. Woudstra hat noch wol ferskate tips foar eigeners fan hûnen. "Hâld it bist net yn in bensj, want dan wurdt de romte te lyts. Dan rekket it folslein oerstjoer, want it kin gjin kant mear út."
"Lit de hûn altyd sels in plakje útkieze", giet se fierder. "Hâld wol de doarren fan it hûs ticht, want as de hûn derút giet en fuort rekket, dan fynst dy dreech werom. Sy kinne net mear sels tinke en binne dan folslein it paad bjuster."