In Memoriam | Baukje Wytsma (76), in fêste wearde yn de Fryske letteren

Baukje Wytsma in 2021, toen ze 75 jaar werd.

Baukje Wytsma in 2021, toen ze 75 jaar werd. Foto Niels Westra

Yn har wenplak Reduzum is tongersdei dichteres en skriuwster Baukje Wytsma ferstoarn. Der wie neat dat derop wiisde. Yn de dagen foar âld en nij hie se freonen en goekunde op ’e hichte brocht fan in útstelde rêchoperaasje, dy’t begjin jannewaris wêze soe. De skrik siet der by harren dan ek goed yn doe’t freed it nijs kaam dat it hert it bejûn hie. Hja wie 76 jier. Se lit in freondinne, twa dochters, fjouwer beppesizzers en twa oerbeppe-sizzers efter.

Baukje Wytsma waard op 1 april 1946 berne yn Reduzum, dêr’t se ek har jeugd trochbrocht hat en dêr’t se har yn de jierren tachtich wer nei wenjen sette. Se waard oplaat ta beukerliedster en hat fiif jier foar de klasse stien yn Huzum. Letter hat se in post-hbû-oplieding sjoernalistyk yn Utert folge en waard se warber as freelance sjoernalist. Se makke û.o. ynterviews foar dizze krante en foar De Friesland Post en resinsearre berneboeken. Ek hat se in tal jierren as projektkoördinator wurke by de Afûk. Fan 1978 oant de ein yn 1995 wie se meiwurker en redakteur fan it kulturele moanneblêd De Strikel , dêrnei noch in tal jierren fan Trotwaer en De Moanne .

Nei seis jier mei man en bern yn Dutslân wenne te hawwen, kaam se yn 1975 yn Fryslân werom. Sûnt is har kreative talint op mear as ien mêd ta grutte bloei kommen. Se ferrike de Fryske literatuer mei in grut ferskaat oan bydragen yn ûnderskate sjenres: poëzy (mear as tsien bondels, fan Noch ien slach om ’e buorren yn 1980 oant en mei Wyt Ljocht yn 2021), berneboeken (sawol poëzy as proaza – mear as 25 titels), musical-, liet- en toanielteksten, folle net genôch. Al har wurk waard goed oant treflik ûntfongen. Yn werkenbere bylden wist se in sfear op te roppen dy’t de minsken rekket. Noch altyd krige se fersiken om poëtyske teksten. ,,It skriuwen giet altyd troch.’’ Foar de Moanne skreau se dizze hjerst it gedicht Altyd novimber , dat te lêzen is yn it dizze wike ferskynde nûmer.

Bonkefeart en Simmer 2000

Foar Anneke Douma skreau se it liet Bonkefeart , foar de grutte Friezen-om-utensreüny it Simmer 2000-liet – beide lieten waarden evergreens. Har oersettingen binne gjin sljochtwei fertalingen mar frije ferfryskingen – tink oan de aria’s op de cd Simmer-nachten fan tenor Albert Bonnema, de Brel-lieten op de cd fan Douwe Heeringa, foar wa’t se ek de Mauthausensyklus fan Mikis Theodorakis oerset hat. De Frjentsjerter PC skonk se by it 150-jierrich bestean yn 2003 it ûnderwilens ikoanyske fers Hjir rekket de bal it hert (û.o. oanbrocht op ien fan de PC-tuorren op it Sjûkelân). Yn 2007 waard se foar har alsidige bydragen oan it Frysk-kulturele libben eare mei de Fryske Anjer, yn 2018 folge troch it ridderskip yn de Orde fan Oranje-Nassau. De grutste literêre priis, de Gysbert Japicxpriis, hie har sûnder mis takommen. Se siet der net mei, krektoarsom, se wie nettsjinsteande har dichterlike ynboarst nuchter genôch om it belang te relativearjen. ,,Falst aanst gewoan om, krekt as elkenien, en dat is it dan. Hoechst net de yllúzje te hawwen datst wurk foar de ivichheid neilitst.’’

Dichtsjen wie foar Baukje in wize fan libjen. Sa’t se yn in fraachpetear yn dizze krante sei: ,,It is foar my gjin frijbliuwend tiidferdriuw. It hat foar my in hiel wichtige funksje, do kinst it in ‘oarderjende’ funksje yn myn libben neame. As dichter setst dingen dy’tst meimakke hast, bûten dy sels, do kinst der om samar te sizzen nei sjen. Do setst de emoasje op ’e foto en as dy ‘foto’ klear is, hast der ek ôfstân fan nommen. It rommet op.’’

Weromsjen yn de tiid

‘Safier ik weromsjen kin, sjoch ik in gefoel fa ivichheid’ skreau de Deenske dichter-skriuwer J. Anker Larssen. It waard it motto fan har bondel It blau fan de Hortinsje . Dat weromsjen yn de tiid is yn har dichtwurk in faak weromkommend tema, se beskriuwt de bernetiid, de gong fan de seizoenen, it riedsel fan libben, leafde en dea. De dea wie foar har in grut tema, lykas foar in protte oare dichters. Mei Tineke Steenmeijer-Wielenga stalde se de bondel Leave deade gear, mei hûndert fersen oer de dea.

Boppe-al wie Baukje Wytsma in mienskipsminske, dy’t har kreativiteit graach liende oan projekten mei oaren. Sa makke se foar Omrop Fryslân trije jier efterinoar de teksten foar it muzykprojekt foar bern Villa Aria , opfierd yn ’e mande mei Tryater en it Frysk Orkest. Mei û.o. Meindert Bijlsma en Akky van der Veer hat se bernemusicals skreaun, mei Akky van der Veer, Jaap Oosterwijk en Laura Tietjens de like knappe as hilaryske Frou Hilarides -rige, mei grut sukses fjouwer kear útbrocht as berneboekegeskink fan It Fryske Boek. Mei Romke Toering makke se yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 in teäterprojekt oer it keatsen, Heedaar! , dat útfierd waard op it Sjûkelân. Ek wurke se graach mei yllustrator Carla van der Heijde, û.o. foar it yn 2020 ferskynde trijetalige berneboek Silke & Miss Dee .

‘Elk lân, elke literatuer soe wol in Baukje Wytsma hawwe wolle. Myld wiis, altyd op syk nei gearhing en harmony. Fryslân hat der gelokkich ien’, skreau Abe de Vries ferline jier by har 75ste jierdei yn it Friesch Dagblad . It is net te befetsjen dat dat no al yn de doetiid skreaun wurde moat.

Yn in eardere ferzje stie dat Baukje Wytsma foar Simmer 2000 it liet Fries om utens skreaun hat. Wytsma skreau foar de grutte Friezen-om-utensreüny it Simmer 2000-liet, dat op muzyk fan Anne Oosterhaven songen waard troch Syb van der Ploeg, Maaike Schuurmans, Rients Gratama en Piter Wilkens, begelaat troch De Kast en it Noord Nederlands Orkest. It liet mei de titel Fries om utens is fan Hans Faber en waard songen troch Rolling Home.