De Geitefok mei Top 2000-letters troch Aldeberkeap, plysje slút oanhâldingen net út

Foarsitter Jan-Bart Hof is net benaud foar juridyske konsekwinsjes
Aldjiersploech De Geitefok út Aldeberkeap hat freedtejûn in earerûntsje troch it doarp makke mei de meinommen Top 2000-letters fan it Mediapark yn Hilversum. De feriening bringt de letters sneon werom nei Hilversum.
De plysje is min te sprekken oer de aksje fan de âldjiersploech. "We zijn helemaal klaar met deze fratsen", sei in wurdfierder fan de plysje yn Hilversum earder. "Er gaat kostbare politiecapaciteit verloren. We hebben wel betere dingen te doen."
De letters wurde troch it doarp riden © CAMJO Media
De letters T, O en P stienen foar de doar fan Beeld & Geluid, dêr't it Top 2000-kafee is. Woansdeitenacht binne se dêr troch De Geitefok fuorthelle.
Sneon sille de letters werombrocht wurde. Plysje en justysje beriede har yn de tuskentiid op ferfolchstappen. "Mogelijk volgen meerdere aanhoudingen", twitteret de plysje Gooi- en Vechtstreek. Earder sei in wurdfierder fan de plysje al dat se de aksje sjogge as in strafber feit en net as in grapke.
Foarsitter Jan-Bart Hof fan De Geitefok is lykwols net benaud foar juridyske konsekwinsjes. "Ik tink dat se dochs wol ynsjen kinne dat it in ludike aksje is. Ik tink dat se der dochs ek wol in bytsje om laitsje kinne dat in steltsje boerejonges út Fryslân der wat ûntfotselet."