It Fryslân Hjoed Jieroersjoch 2022: Dit wie it belangrykste nijs fan it ôfrûne jier

It is âldjiersdei, we binne dwaande oan de lêste dei fan 2022. It is tiid om nochris werom te sjen: om it ien in oar op rychje te setten en it yn perspektyf te pleatsen.
Yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch 2022 nimme wy de sjogger noch ien kear mei nei de wichtichste nijsûnderwerpen fan it ôfrûne jier. Ferhalen dy't ús allegear dwaande holden, it nijs dat fuortendaliks ympakt hie op ús mienskip.
It wie it jier fan it ôfskie fan grutte sporters as Epke Zonderland en Sven Kramer. Mar ek it jier fan de stikstofkaart, de hege gasprizen en fansels de oarloch yn Oekraïne. Us provinsje wie in feilige haven foar dy tûzenen flechtlingen dy't dizze kant op kamen.
Timo Jepkema fersoarget de presintaasje fan it Fryslân Hjoed Jieroersjoch 2022 © Omrop Fryslân
De triennen by it ferstjerren fan de ferneamdste waarman dy't ús lân hân hat. De jongesdream fan in Jouster dy't earste doelman fan Oranje waard en de kuierjende beammen dy't troch it sintrum fan Ljouwert lutsen; it binne samar wat mominten dy't foarbykomme yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch 2022.
De gearstalling en presintaasje is yn hannen fan Timo Jepkema.