Dit jier 52 meldingen fan wolve-oanfal, yn 32 gefallen wie it ek in wolf

Wolf © ANP
Der binne dit jier mear as trije kear safolle meldingen dien fan wolveskea yn Fryslân as yn 2021. Fan de 52 meldingen dy't dit jier dien binne, gong it yn minstens 32 gefallen ek echt om in wolf.
Yn oare gefallen gong it om oanfallen troch in hûn, foks of goudjakhals. Dat docht bliken út in analyze fan de wolverapportaazje fan BIJ12. Fan in pear gefallen is nei DNA-ûndersyk net dúdlik wurden om watfoar bist it gong en de skeameldingen fan de lêste pear wiken wurde noch ûndersocht.
Op de kaart is dúdlik te sjen dat de wolven hast allinnich yn it súdeasten fan Fryslân fee oanfalle. Ek út oare parten fan Fryslân komme geregeld meldingen fan mooglike wolve-oanfallen. Fan in part fan de meldingen is it ûndersyk noch geande.
Yn it Noarden fan de provinsje kamen de oanfallen fan oare bisten. Dêrby gie it om in foks (Hegebeintum), goudjakhals (Ferwert) en hûn (Muntsjesyl). Hûnen ha ek fee oanfallen yn de mear súdlike parten fan de provinsje.
Wolven ha dit jier 75 skiep, 2 kealtsjes en 1 shetlânponny deabiten yn Fryslân. Ferline jier wienen der santjin meldingen fan wolve-oanfallen. Nei ûndersyk is by tsien fan dy gefallen fêststeld dat it om in wolf gie, wêrby't santjin bisten deade waarden.
Feehâlders dy't troffen wurde troch in wolve-oanfal, ha yn totaal goed 34.000 euro oan skeafergoeding útkeard krigen. Dat is hast sân kear safolle as yn 2021 en dêr komme de net-ôfhannele meldingen noch by.