Juriste Jessica den Outer striidt foar de rjochten fan de natoer

Jessica den Outer by de âldste beam fan Fryslân
© Jan Bensliman
De natoer soe in rjochtspersoan wêze moatte, dy't sels saken oanspanne kin tsjin minsken of ynstânsjes dy't har skeine. Jessica den Outer is 'earth advocate' foar de rjochten fan de natoer en is te sjen yn diel 2 fan de FryslânDOK-searje 'No en Dan'.
It Ministerie van de Toekomst en it Arcadia-projekt Bosk hawwe juriste Jessica den Outer frege om mei-inoar in rjochtsaak oan te spannen mei de natoer as rjochtspersoan.
Yn de simmer fan 2022 waard dy (fiktive) rjochtsaak holden yn Ljouwert. Likegoed Bosk as it 'ministerie' wolle it langetermyntinken stimulearje. Om in bettere ierde nei te litten oan de generaasjes nei ús, moatte wy mear rekken hâlde mei de takomstige gefolgen fan it hjoeddeistige hanneljen.
Jessica den Outer
© Jan Bensliman
Minsken nimme besluten oer natoer, bygelyks it kappen fan beammen. Wylst in beam minsken generaasjes lang oerlibje kin, en beammen ek nedich binne foar it fuortbestean fan de minske.
Inisjativen om rjochten te jaan oan de natoer barre al op hûnderten plakken op de wrâld, ek yn Europa. It doel is dat de natoer in folweardige stim krijt yn it rjochtssysteem. Jessica den Outer, juriste en VN-adviseur, stelt in manifest op dat oanbean wurde sil oan de Twadde Keamer.
Bosk - Stasjonsplein Ljouwert
© Jan Bensliman
Ien fan de natuergebieten yn Fryslân dy't mooglik rjochtspersoanlikheid krije kinne soe, is de Waadsee. Jongeren holden dêrfoar ôfrûne simmer in saneamde 'Waddenmars'.
It waadgebiet is al UNESCO-wrâlderfgoed, en hat sa al in sterke rjochtsposysje. Mar troch fan it gebiet in 'rjochtspersoan' te meitsjen, sille minsken har mear hâlde as 'pleechâlder' en har ferantwurdlik fiele foar de beskerming.
© Jan van der Kam
Jongeren komme trouwens te min oan bar oan de beslúttafels. Dat fynt Claim your Future, in beweging dy't jongeren stimulearje wol om mei te tinken en te praten. Inisjatyfnimmer Aukje van der Veen wurdt net wurch om bestjoerders oan de jas te lûken en harren te wizen op de posysje fan jongeren.
Aukje van der Veen, Claim your future
© Jan Bensliman
FryslânDOK 'No en Dan' diel 2 'Sykje'
Sneon 31 desimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.23 oere)
Snein 1 jannewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.