De Hûnekop ft. Oele Plop mei 'Wy Kam Fram Fryslân' op nûmer 1 yn Fryske top 100

Ut de fideoklip fan 'Wy Kam Fram Fryslân' © De Hûnekop
'Wy Kam Fram Fryslân' fan De Hûnekop en Oele Plop stiet dit jier op nûmer 1 yn de Fryske top 100. Leadsjonger Emiel Stoffers hie in grutte kampanje holden om it nûmer op ien te krijen.
It slagge De Hûnekop ek al om harren ferske yn de Top 2000 fan NPO Radio 2 te krijen. It nûmer kaam dêr binnen op plak 788.
It momint dat de nûmer ien fan de Fryske top 100 bekend waard
It wie dit jier in close call tusken de nûmers twa en trije. De Kast mei 'In nije dei' krige krekt wat mear stimmen as 'Cliffs of Moher' fan Gurbe Douwstra. Dat nûmer stie al alve kear op nûmer ien yn de Fryske top 100.
Rolling Home sakket mei 'Fries om utens' fan plak twa nei acht. Ferline jier stienen se heech fanwege it ferstjerren fan gitarist en gesicht fan Rolling Home, Hans Faber. It ferske stie yn 2020 ek al op plak acht.
De top 10 fan de Fryske top 100 edysje 2022 © Omrop Fryslân
Der waarden yn totaal 56.440 stimmen útbrocht foar de list. Dat binne der mear as in jier lyn, doe waarden der 52.150 stimmen útbrocht.
De folsleine Fryske top 100 is hjir werom te finen.