NOS-korrespondint Iris de Graaf fan Ljouwert útroppen ta Taalstaatmeester 2022

Iris de Graaf © NOS, Stefan Heijdendael
NOS-korrespondint Iris de Graaf fan Ljouwert is sneon útroppen ta de Taalstaatmeester fan it jier. Dat waard bekend makke yn de útstjoering fan it NPO Radio 1-programma De Taalstaat, dat presintearre wurdt troch Frits Spits.
De jierlikse ûnderskieding giet nei ien dy't him of har it ôfrûne jier ûnderskieden hat yn taalgebrûk.

Konkurrinsje

De Graaf hie konkurrinsje fan politika Caroline van der Plas, foarfrou fan de BoerBurgerBeweging, en steatssekretaris Eric van der Burg fan Justysje en Feiligens. In panel fan taalleafhawwers stelde de úteinlike winner fêst. Dy waard ûnder mear beoardiele op kritearia as helder taalgebrûk, fersteanberens en leauweardigens.
De NOS-korrespondint yn Ruslân die it ôfrûne jier wiidweidich ferslach fan de oarloch tusken Ruslân en Oekraïne. Dat die se neffens De Taalstaat net allinne ûnferskrokken, mar ek altyd yn in heldere taal.

Tagonklike wurden

It panel fan De Taalstaat priizget De Graaf ûnder mear foar it gebrûk fan tagonklike wurden. "Haar taalgebruik is rijk, maar niet overvol. Haar tekst toont betrokkenheid, maar haar woorden stelt ze neutraal. Juist in tijden van crisis en oorlog heeft taal een belangrijke rol in de media."
In oar panellid stelt dat it noflik is om nei har te harkjen "doordat ze zowel vloeiend als rustig spreekt en een levendige vertelstem heeft."
It is de sechsde kear dat de titel fan Taalstaatmeester útrikt is troch it radioprogramma fan KRO-NCRV. Yn foargeande jierren gie de ûnderskieding nei Beatrice de Graaf, Lilian Marijnissen, Freek de Jonge, Mark Rutte en Roxane van Iperen.