Jong bern slimferwûne by fjoerwurkûngelok yn Drachten

© SRFotografie
By it ôfstekken fan fjoerwurk by in wenning oan de Handwerkerszijde yn Drachten is sneontejûn in jong bern slim ferwûne rekke. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht, lit de plysje witte.
It gie mooglik mis by it ôfstekken fan karbid, mar de plysje kin dat op it stuit noch net befêstigje. "Het ongeval vond op privéterrein plaats rondom een woonhuis", seit in plysjewurdfierder. Neist in ambulânse kaam ek in mobyl medysk team nei de wenning.