Dizze 22 doarpen ha fan hjoed ôf in Fryske namme

It plaknammeboerd fan Mitselwier © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
22 doarpen yn de gemeente Noardeast-Fryslân ha fan hjoed ôf offisjeel in Fryske namme. Dêrmei wurdt in beslút fan de gemeenteried nei oardiel jier fan krêft.

It giet om dizze 22 doarpen

Nije namme Alde namme
Eanjum Anjum
Augsbuert-Lytsewâld Augsbuurt
Boarnwert Bornwird
Ie Ee
Ingwierrum Engwierum
Hantumerútbuorren Hantumeruitburen
Hantumhuzen Hantumhuizen
Holwert Holwerd
Kollumersweach Kollumerzwaag
Ljussens Lioessens
Mitselwier Metslawier
Moarre Morra
Nijewier Niawier
Easternijtsjerk Oosternijkerk
De Skâns-Oostmahorn Oostmahorn
Eastrum Oostrum
Aldwâld Oudwoude
Peazens Paesens
De Trieme Triemen
Feankleaster Veenklooster
Westergeast Westergeest
Sweagerbosk Zwagerbosch
Foar guon plakken jildt in útsûndering. Ealsum bliuwt yn it Hollânsk Aalsum, De Lytse Jouwer bliuwt Hiaure en Waaksens bliuwt Waaxens. Boppedat behâlde Boerum (Burum), De Pomp (Kollumerpomp), Muntsjesyl (Munnekezijl) en Warfstermûne (Warfstermolen) har eardere offisjele namme, omdat se yn it Westerkwartierske taalgebiet lizze.
In soad plakken yn Fryslân ha twa nammen: in offisjele en in Fryske. Sa hat Ljouwert as offisjele namme Leeuwarden en is Surhústerfean offisjeel Surhuisterveen.
Guon gemeenten ha lykwols bepaald dat de offisjele plaknammen dêr de Fryske nammen binne. Tytsjerksteradiel is ien fan dy gemeenten: Hurdegaryp is dêr de offisjele namme fan it doarp dat earst yn it Nederlânsk Hardegarijp hjitte.
Ferwerderadiel wie ien fan de gemeenten dy't ek offisjele Frysktalige plaknammen hie. Nei de fúzje mei Kollumerlân en Dongeradiel ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân, beholden dy doarpen yn it eardere Ferwerderadiel de Fryske namme, mar plakken yn de twa oare gemeenten holden de Nederlânske nammen as offisjele plaknamme.

Harmonisearje

Yn septimber 2020 besleat de ried fan de nije fúzjegemeente om alle plakken, dus ek dy yn it eardere Kollumerlân en Dongeradiel, in Fryske namme te jaan. Utsûnderingen wurde makke foar doarpen dy't de Fryske namme net brûke wolle.
It plaknammeboerd fan Easternijtsjerk © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Wa't hjoed ien fan de doarpen mei in nije namme ynrydt, sil dêr nei alle gedachten noch wol de âlde namme op it boerd sjen. De measte buorden wurde de kommende tiid pas ferfongen en ek net allegear. Guon buorden binne noch net iens klear.

Wat betsjutte de nije nammen foar de Omrop?

Koartsein: net in hiel soad. Yn de Frysktalige artikelen op ús webside en app brûkten we altyd al de Fryske fariant fan de plakken, ek de plakken dy't offisjeel in Nederlânsktalige namme hienen. We skreaunen dus altyd al Feankleaster yn stee fan Veenklooster.
Foar de Nederlânsktalige artikelen feroaret der wol wat. Dêr silst tenei net mear Engwierum lêze, mar Ingwierrum.

Soargen

De gemeente Noardeast-Fryslân hat op de eigen webside in spesjale pagina iepene foar fragen dy't minsken of bedriuwen mooglik ha. Sa hoege minsken har gjin soargen te meitsjen om de post, fersekeret de gemeente. By it sortearjen fan de post wurdt allinnich nei de postkoade en it hûsnûmer sjoen, net nei it plaknamme.
It plaknammeboerd fan Peazens-Moddergat © Agatha Oostenbrug
Neidielige ekonomyske konsekwinsjes foarsjocht de gemeente ek net. As foarbyld sjogge se nei Tytsjerksteradiel: dêr feroare de namme fan Eernewoude nei Earnewâld. Dêr wie ek benaudens foar in ekonomysk neidiel, mar it tsjinoerstelde barde.
"De Fryske taal en kultuer jouwe ús provinsje en dus ek ús bedriuwen wat unyks", meldt de gemeente op de eigen webside. "Dêrom brûke in soad bedriuwen ek Fryske útdrukkings. It Fryske karakter kin brûkt wurde as 'unique selling point'.