Tolve fjoerwurkslachtoffers opnaam, Fryske sikehuzen binne 'net ûntefreden'

Sikehûsmeiwurkers © ANP
Yn Fryslân binne tolve slachtoffers it sikehûs yn rekke troch ynsidinten dy't mei fjoerwurk te krijen hawwe. De sikehuzen binne 'net ûntefreden', al bliuwt de nacht drokker as oars.
Tjongerschans op It Hearrenfean hat yn totaal fiif slachtoffers binnenkrigen, by wa't it letsel mei âld en nij te krijen hat. Twa pasjinten rekken ferwûne by it karbidsjitten. Der wiene ek twa slachtoffers dy't sa slim ferwûne wiene, dat sy fuortendaalks troch moasten nei it brânwûnesintrum yn Grins. It gie lykwols net om libbensbedriigjend letsel.

Tjongerschans

By sikehûs Tjongerschans binne se 'net ûntefreden', seit in wurdfierder. De wykeinen binne faak drok en dêr komt de jierwiksel nochris boppe-op. Dat jout druk foar it personiel en makket it lestich, mar it koe slimmer.
Dokter Luka Bilbija
"Het was gezien de capaciteit die we hebben een zeer drukke nacht", seit dokter Luka Bilbija. "Naast alles wat er met Oud en Nieuw bij komt, hebben we ook de normale patiënten. Op zaterdagnacht kan het sowieso erg druk zijn bij ons."

MCL

By MCL yn Ljouwert gie it om fjouwer fjoerwurkslachtoffers. Trije kamen oerdeis binnen, ientsje nachts noch.

Nij Smellinghe

Nij Smellinghe hat ien fjoerwurkslachtoffer binnenkrigen yn de âldjiersnacht. In wurdfierder fan it sikehûs jout oan dat de jierwiksel opfallend rêstich wie. It jonkje dat yn Drachten ferwûne rekke troch in fjoerwurkynsidint, sit hjir net by. Nei alle gedachten is dit slachtoffer yn in oar sikehûs opfongen.

Antonius

Antonius Sikehûs yn Snits krige twa fjoerwurkslachtoffers binnen op de spoedhelp. Ien fan har wie ferwûne oan it each. Yn totaal binne der fiif pasjinten opnaam mei de jierwiksel, mar net by elts hie dat mei fjoerwurk te krijen.
Neffens it sikehûs wie de jierwiksel net mear of minder drok as oare jierren. De spoedhelp koe it goed oan en hie genôch personiel ynset.