Berkeaper kanon stunt yn Haskerhoarne: "Wij schieten de kogel door de kerk"

It kanon fan Aldeberkeap is troch de pleatslike âldjiersklup 'De Wiite Sik' nei Haskerhoarne ta helle, tsjin it stikstofbelied: "Het wordt hoog tijd voor paal en perk, en dus schieten wij de kogel door de kerk."
"Met Rutte aan het roer is het gedaan met onze boer. Van crisis naar crisis, dat is nu het beleid. Een afgelopen zaak, dus vooruit met de geit", sa hat de klup op in spandoek set.
It kanon wie al goed oardel wike fan syn plak, hy stiet oars by de yntree fan it doarp. Ferskate minsken wie it al opfallen dat it promininte kanon fuort wie.
It kanon stiet mei in byldsje fan in geit en de flagge fan Haskerfoarne foar de tsjerke oer, midden yn it doarp. 'De Wiite Sik' is de pleatslike Geitefokferiening yn de omkriten.