Vesuvius Elslo hat as stunt 13 grinsbuorden stellen: "Niet meer thuis in eigen land"

De manlju mei de buorden © Vesuvius Elsloo
De nijjiersstunt fan Vesuvius is dúdlik wurden: de âldjiersklup hat 13 grinsbuorden nei Elslo ta helle. Vesuvius wol mei de buorden de grinzen fan har selsstannigens oanjaan, as krityk op de polityk.
Elso soe bot te lijen hawwe fan de huzekrisis, de enerzjykrisis, de komst fan de wolf, fergunningferliening en de stikstofkwestje mei de Natura 2000-gebieten yn de omkriten. "Iedereen in Elsloo wordt op een of andere manier wel geraakt door een of meerdere van deze onderwerpen", sa ferklearret de klup.
Neffens de ploech giet de nijjiersstunt dan ek om in blyk fan ûntefredenens oer it belied út Den Haag. "Wij als Vesuvius voelen ons niet meer thuis in ons eigen land, daarom willen wij vanaf nieuwjaarsdag Elsloo weer uitroepen als Vesuvius dorp", sa lit Vesuvius witte. De buorden binne op in stik greide yn it doarp opsteld.

Elslo giet selsstannich

Sy wolle har de kommende wike tydlik fan Nederlân ôfskiede. "De net ontvangen borden, door Plaatselijk Belang aangeboden, komen ons dus meteen goed van pas. Met deze actie willen wij een duidelijk signaal afgeven en politiek Den Haag aan het denken zetten."
© Vesuvius Elsloo
De buorden binne by de grins weihelle: seis út Limburch, trije út Noard-Brabân, en ien út Gelderlân, Oerisel, Drinte en Grinslân. Foar de krystdagen en yn de nacht fan 22 op 23 desimber binne de buorden by de grinzen mei Dútslân en België weihelle.

'Waar is de grens?'

Op it plak fan de buorden hat Vesuvius oare teksten delset: reade buorden mei 'Waar is de grens?'. En efterop de tekst: "'Vanaf nu duiden wij ergens anders de grenzen aan, na de jaarwisseling zie je ons weer op de vertrouwde plekken staan."
Vesuvius hie foar ferfanging soarge © Vesuvius Elsloo
Rykswettersteat hat besletten de buorden net fuort te heljen en nijjiersdei ôf te wachtsjen, der fanút geande dat de dieders har oan har wurd hâlde.
Vesuvius is yn 1965 oprjochte en op dit stuit binne der 25 manlju by de âldjiersklup oansletten.