Liveblog | 1 jannewaris 2023

Dit wie âldjiersnacht: gjin grutte ynsidinten, wol in plysje ferwûne

  • De plysje hat acht minsken oanholden foar geweld, mishanneling en oarderfersteuring;
  • In plysjeman yn Appelskea is mishannele troch in 19-jierrige Ljouwerter;
  • Nachts binne der ferskate lytse brantsjes útmakke, yn konteners, in auto en ôffal;
  • De ME hat yn Marrum efkes 'stand-by' stien sa't de brânwacht in brânbult útmeitsje koe;
  • By in fjoerwurkûngelok yn Drachten rekke in jonkje slim ferwûne;
  • It sikehûs fan It Hearrenfean kige meardere ferwûnen troch karbidsjitten binnen, guon wiene der slim oan ta;
Lêst bywurke: 1 jannewaris 2023, 12:48
snein 1 jannewaris 2023
12:48

Ein fan de liveblog

Dit is de ein fan ús liveblog oer âldjiersnacht. Us fierdere berjochtjouwing is fia de artikels op ús webside en app te folgjen. Tank foar it folgjen.
09:57

Plysje docht ûndersyk nei fjoerwurkûngelok jonkje Drachten

De plysje meldt dat it jonge bern dat sneon yn Drachten ferwûne rekke troch fjoerwurk, in jonkje is. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht foar ûndersyk en fierdere behanneling. De plysje seit fierder ûndersyk te dwaan nei de tadracht fan it ûngelok.
09:38

Fiif âld-en-nij-pasjinten yn Antonius, twa fjoerwurkslachtoffers

Op de spoedhelp fan it Antonius Sikehûs yn Snits binne yn de nacht fiif pasjinten opnaam mei klachten dy't mei âld en nij te krijen hawwe. By twa ferwûnen kaam it troch fjoerwurk, ien pasjint wie ferwûne oan it each.
Neffens it sikehûs wie de jierwiksel net mear of minder drok as oare jierren. De spoedhelp koe it goed yn en hie genôch personiel ynset. De earste poppe fan 2023 wie om 09.00 oere noch net berne, sa liet de ôfdieling kreamkunde fierder witte.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
09:34

Plysje: gjin grutte ynsidinten, wol mishanneling fan plysje

Plysje Fryslân lit witte dat der mei de jierwiksel gjin grutte ûngeregeldheden west hawwe. Dochs hat de plysje ferskate meldingen krigen oer brannen, fernielingen, ûngelokken en oerlêst.
De plysje hat yn Fryslân acht kear in oanhâlding dien foar geweld, mishanneling en it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Fierder wiene der op in tal plakken 'driigjende ûngeregeldheden', mar dêr hoechde de plysje úteinlik net yn te gripen. De plysje seit dat der goed gearwurke is mei de brânwacht, ambulânse, gemeenten, boargemasters en de Veiligheidsregio.

Mishanneling

Yn Appelskea is oan de Boerestreek in man oanholden foar it mishanneljen fan in 19-jierrige man fan Ljouwert. By de oanhâlding wegere de man mei te wurkjen, hy mishannele in plysjeman. De plysje hat oanjefte dien.
09:15

Sterke Yerke IV as nijjiersstunt yn De Folgeren

De Sterke Yerke IV is meinaam
© Wilfred de Jong
De Sterke Yerke IV, de opfolger fan it flot dat yn 1979 de Atlantyske Oseaan oerstuts, is wer boppe wetter. It leit yn De Folgeren by Drachten.
Aldjiersferiening De Frijsteat Folgeren hat de Sterke Yerke as nijjiersstunt liend. "Eind goed, al goed", seit Wilfred de Jong fan de stichting efter de Sterke Yerke.

Kompliminten

"Hoewel we dat al hoopten en gezien de bijzondere uitstraling en karakter van de Sterke Yerke het bijna niet anders kon dan dat het geen diefstal kon zijn, heeft het ons toch slapeloze nachten bezorgd", leit De Jong witte. Hy jout de ploech wol in komplimint. "Knap dat je zo'n gevaarte bijna ongezien over een dergelijke afstand over water en over de weg kunt verplaatsen."
It flot waard yn de nacht fan tongersei op freed út de Ljouwerter jachthaven De Hemrik weihelle. Dêr lei er foar ûnderhâld yn de winter. De Jong wie him rot skrokken, mar hope al op in nijjiersstunt. De stichting hie dêrom ek noch gjin oanjefte dien fan de dieverij. De âldjiersploech seit yn in berjocht nei De Jong dat it flot yn goede steat is en se ekstreem sunich mei it gefaarte binne.
08:52

Tink der om mei it opromjen fan fjoerwurk

De Lemster brânwacht op 'en paad
© Brandweer Lemmer
Ek by it opromjen fan fjoerwurk kin it noch mis gean, sa hat bliken dien op De Lemmer. Dêr waard de brânwacht om 06.00 oere wer út bêd wei pipe om't oan de Slachdrompel in hage en sket yn 'e brân stiene. De bewenners hiene fjoerwurk opromme en yn de kontener smiten. Mar it fjoer wie noch net genôch út en smeulde troch. De konteners en it sket binne neffens de brânwacht 'oan ferfanging ta.'