CleanUpXL hat 100.000 kilo ôffal út de Noardsee helle

In dûker hellet ôffal út it wetter (Foto net fan dizze aksje) © ANP
By de aksje CleanUpXL hawwe dûkers yn it neijier fan 2022 100.000 kilo ôffal út de Noardsee helle. Dêr siet ek noch in soad guod by fan de MSC Zoe.
Dat kontenerskip ferlear begjin jannewaris 2019 yn totaal 342 konteners yn see.

'Noch lang net klear'

Projektlieder Ellen Kuipers fan de CleanUpXL is bliid dat der sa folle guod út de see fiske is. "Maar we zijn nog lang niet klaar. Er ligt nog steeds ontzettend veel afval, zo hebben we ook nu weer kunnen vaststellen. En dat betekent een dagelijkse bedreiging voor de mooie en kwetsbare waddennatuur."
De dûkers hawwe yn totaal njoggen kear it wetter yn west. Dêrby fûnen se ek in soad nuvere saken. Sa waarden ûnder mear in koplampe, in flesse olive-oalje, ûnderdielen fan waskrekken en rubberen bannen opdûkt.
By de aksje waard 12.600 liter disel ferstookt. De organisaasje kompensearret dit mei de oankeap fan koalstofsertifikaten yn feangreidegebieten yn Fryslân.