FIDEO: Lang om let wer in soad minsken by de nijjiersdûk fan Boerum

De haven wie wer fol by de 25e nijjiersdûk © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn Boerum binne sneintemoarn tsientallen minsken it iiskâlde wetter yndûkt om 2023 fris te begjinnen. It is de 25e edysje fan de dûk en dêr is de organisaasje bêst grutsk op.
It waar siet ek wol mei. Mei in strielend sintsje oer de haven fan Boerum dûkten sa'n 60 minsken it wetter yn. It wie de earste dûk nei de coronajierren. Om de it evenemint libjend te hâlden, is de organisaasje de ôfrûne twa jierren allinnich it wetter yn dûkt.
Dat no minsken út it doarp en de omkriten wer om de haven hinne steane, wie dan ek in feestlik momint.
De 25e nijjiersdûk fan Boerum