Hjoed by Omrop Fryslân: Sis it mar! en Foarútsjen mei Reitse

Sis it mar! © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân hâldt dy waarm dizze feestdagen. De programmearring fan Omrop Fryslân is mei de feestdagen dan ek ekstra sfearfol en sit fol prachtige programma's. Hjoed begjinne we mei in wike lang Sis it mar!, Foarútsjen mei Reitse en de Fryske Nije.

Sis it mar!

Nei it grutte sukses fan Sis it mar! yn 2020 waard al gau dúdlik dat der in twadde edysje komme moast.
En no is dy der! Yn de earste wike fan jannewaris is Omrop Fryslân de hiele wike live op radio mei de Sis it mar!-dagen en -nachten. De hiele programmearring stiet dy wike yn it teken fan fersykjes fan harkers. Fersykjes kinne trochjûn wurde fia de Omrop-app.
Sis it mar! is fan moandei 2 oant en mei 7 sneon jannewaris dei en nacht te hearren by Omrop Fryslân.
Reitse en Miranda yn Foarútsjen mei Reitse © Omrop Fryslân

Foarútsjen mei Reitse

Om it nije jier goed te begjinnen, sjogge wy mei spesjale gasten yn de earste wike fan jannewaris foarút mei Reitse. Dat dogge we út ús eigen pop-uprestaurant wei by de Estafette Recycle Boulevard yn Ljouwert.
Reitse makket mei Fryske, duorsume produkten de lekkerste gerjochten foar in nijjiersdiner. Miranda Werkman sjocht oan tafel foarút nei 2023. Bygelyks nei de bou fan it nije Cambuurstadion, de nije wize fan buorkjen en Fryslân as ien grutte bloeisône.
Te sjen fan 2 oant en mei 6 jannewaris fan 17.20 oere ôf alle oeren op telefyzje.
De Fryske Nije © Piet Douma - Stichting Liet

De Fryske Nije

Yn de Fryske Nije wurde jonge artysten út ús provinsje, dy't gewoanwei yn it Nederlânsk of Ingelsk sjonge, útdage om Frysktalige nûmers út te bringen.
De line-up bestiet út jonge singer-songwriters Immen en Marije de Vries, it oanstoarmjende talint Rowan (Holland's got Talent) en de mear renommearre artysten Boaz en Zea. Dêrnjonken trede de Spoken Word-artysten Christa Nikelwicz, Gabriëlle Terpstra en Joël Hut op.
Te sjen fan moandei 2 oant en mei freed 6 jannewaris fan 18.30 oere ôf alle oeren.
De folsleine feestdageprogrammearring fan Omrop Fryslân is te finen op Omropfryslan.nl/waarmte.