Ferkearsljochten pleatst by brêge Twellingea om skea oan de dyk te beheinen

De ferkearsljochten by de brêge yn Twellingea © CAMJO Media
By de brêge by Twellingea binne moandeitemoarn ferkearsljochten pleatst yn opdracht fan Rijkswaterstaat. De kwaliteit fan it weidek op de brêge is minder wurden no't it mei it ôfsluten fan de A7 yntinsiver brûkt wurdt.
Om mear skea oan de dyk en de brêge foar te kommen, wurdt ien rydstripe op de brêge ôfsletten. Mei de ferkearsljochten giet it ferkear mear dosearre oer de brêge hinne.
It wurdt dêrtroch nei alle gedachten wol wat drokker op de dyk, mar de brêge kin mei de maatregels wol iepen bliuwe. Rykswettersteat wurket ûndertusken oan it opknappen fan de brêge by Twellingea.