Brêge Twellingea op Marktplaats oanbean: 'voor de handige doe-het-zelver'

De advertinsje op Marktplaats © Marktplaats
Op Marktplaats is in advertinsje pleatst dêr't de brêge fan Twellingea oanbean wurdt. It giet om in grapke, mei in feech út 'e panne dy't nei alle gedachten mei it efterstallich ûnderhâld te krijen hat.
De brêge stiet te keap foar 'de handige doe-het-zelver.' Der stiet yn de advertinsje: "Wordt redelijk intensief gebruikt dus heeft veel mogelijkheden. Ons idee was om een tunnel te vervangen maar daarvoor is hij eigenlijk net te licht. Laatste jaren hebben we wel wat bezuinigd op het onderhoud dus wat je ziet is wat je koopt."
De ferkeaper skriuwt dat de brêge mooglik leuk wêze kin foar in buert- of karnavalsferiening. "Mag weg voor een scherpe prijs, maar staat niet in de weg, dus bieden naar waarde. Niet verzenden, alleen ophalen." Der hawwe al hast tweintich minsken in bod dien.

Ofbrokkelbrêge

Goed in wike lyn die bliken dat de brêge ôfbrokkelet. De brêge wurdt folle yntinsiver brûkt no't de A7 der út leit om't in part fan it akwadukt ûndr it Prinses Margrietkanaal omheech komt.
Moandei binne der ferkearsljochten pleats by Twellingea, om it ferkear dosearre oer it wetter te krijen. Rykswettersteat wurket oan maatregels om de brêge op te knappen.