Biskop Van den Hout folget útfeart fan Benedictus - dy't er ea moete - op de tv

Biskop Ron van den Hout fan Grins-Ljouwert © ANP
Tsientûzenen minsken hawwe al ôfskied naam fan paus emearitus Benedictus XVI, dy't sneon ferstoar. Biskop Ron van den Hout reizget net nei Fatikaanstêd ôf, mar bewiist de eardere paus wol op eigen wize de lêste eare.
"Ik kan hier ook meeleven", seit Van den Hout, biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert. "Ik zal de mis voor hem doen en hem in gebed gedenken. Mar om nu voor een paar dagen naar Rome te gaan, vind ik zelf wat overdreven."

Moeting yn de Friezetsjerke

Bysûnder is dat Van den Hout de eardere paus wolris moete hat, dy't doe noch kardinaal Joseph Ratzinger wie.
Van den Hout wit noch wol wêr't dat wie: "In een eucharistieviering in de Friezenkerk, waar hij uitgenodigd was voor een plechtigheid op zondagochtend. De rector was op dat moment afwezig, dus ik mocht hem toen welkom heten. Maar dat is halverwege de jaren negentig geweest, dus dat is al wel lang geleden", jout er wol ta.
Dochs makke de lettere paus doe yndruk op Van den Hout. "Omdat hij zo makkelijk van de ene in de andere taal overging. Van het Italiaans, naar het Engels en het Duits. De preek ging gewoon door, terwijl hij schakelde en bij zijn onderwerp bleek. Dat maakte veel indruk op mij."
Der wurdt ôfskied naam fan de eardere paus © ANP
Van den Hout priizget ek Benedictus XVI syn fertsjinsten as teolooch. "Hij mocht destijds van zijn bisschop studeren, hij stond als intelligent te boek. Hij was ook aanwezig op het Tweede Vaticaanse Concilie als peritus. Hij heeft zijn bijdrage geleverd aan de vernieuwing de theologie."
Biskop Van den Hout by in eardere besite oan Fatikaanstêd © ANP
Benedictus waard yn 2005 paus, oant er yn 2013 in stap werom die fanwegen syn sûnens. De jierren dat er lieding joech oan de roomsk-katolike tsjerke, waarden beskade troch ferhalen oer seksueel misbrûk fan minderjierrigen troch geastliken. It ferwyt wie dat de paus te min die tsjin dit misbrûk.
"Zover ik het kan zien kwamen tijdens het pontificaat van Johannes Paulus II al intern berichten boven water waar heel voorzichtig op gereageerd is. Voor zover ik geïnformeerd ben heeft Benedictus toch ook wel bij Johannes Paulus II aangegeven dat het een groter probleem was dan wij toen dachten", seit Van den Hout dêroer.

It hat muoite koste

"Dus ik denk dat paus Benedictus al wel wat stapjes verder in de richting heeft gezet om deze kwesties goed te behandelen. En ik denk dat paus Franciscus daar weer een stap verder in heeft kunnen zetten", seit Van den Hout, dy't it mear as in trochrinnend proses sjocht.
"Het moest echt wel tot ons doordringen hoe ernstig de situatie was. Dat heeft ons toch wel wat moeite gekost", seit de biskop.
Biskop Ron van den Hout fan Grins-Ljouwert © ANP
Van den Hout hellet foaral oantinkens oan Benedictus op as it om syn teologysk tinken giet. "Er is wel iets van waarheid. Er is er waarheid die we samen zoeken, in dialoog met anderen. Daar heeft hij zich in zijn theologisch denken wel voor ingezet."
De útfeart fan de paus emearitus fynt tongersdei plak op it Sint-Pitersplein en wurdt laat troch de hjoeddeiske paus, Franciscus. "Dat is uniek", seit Van den Hout, dy't de útfeart fia de telefyzje folgje sil.